Ynspirearjend
Meartalich Underwiis

Yn Fryslân prate wy net allinnich Frysk en Nederlânsk, mar ek in protte oare talen. Us meartalige wrâld freget spesifike stipe fan learlingen by it fierder ûntwikkeljen fan harren taalfeardigens. Fanút Ynspirearjend Meartalich Underwiis wurkje wy gear mei skoallen oan it ûntwikkeljen en útfieren fan ynspirearjende metoaden en materialen, mei it Frysk as sintraal útgongspunt.

No opjaan foar 'Fryske kost, doarsto?', yn juni 2023. It tredde Fryske projekt fan dit jier!

No opjaan foar de Masterclass Berneboekewike 'By ús thús', op 13 septimber 2023. Slutingsdatum 20 juny. Fol is fol.