De wrâld dêr’t we yn libje is meartalich. Yn Fryslân prate we net allinne Frysk en Nederlânsk, mar ek in protte oare talen. Dizze meartalige wrâld freget om in spesifike begelieding fan learlingen by it fierder ûntwikkeljen fan har taalfeardigens. By Ynspirearjend Meartalich Underwiis wurkje wy gear mei skoallen oan it ûntwikkeljen én ymplemintearjen fan ynspirearjende wurkwizen en materialen, mei Frysk as sintraal útgongspunt.
Op de website stean in grut oantal ynspirearjende projekten dêr’t elke skoalle oan meidwaan kin!
Projekten
Foar alle skoallen (PU & FU) yn de provinsje Fryslân is meidwaan oan it projekt fergees. It projekt wurdt subsidiearre troch de provinsje Fryslân. Meidwaan oan Ynspirearjend Meartalich Underwiis betsjut datst as skoalle in ympuls joust oan dyn taalûnderwiis en sadwaande ek meiwurkest oan it taalprofyl fan dyn skoalle (sjoch it rapport It is mei sizzen net te dwaan).
Wolle jo mear ynformaasje? As wolle jo meidwaan?
Freegje dan in gesprek oan mei ien fan de kontaktpersoanen.