Taal yn Byld hek

Taal yn Byld

Taal yn Byld is in projekt dêr’t wille yn de ta(a)len foarop stiet, bedoeld foar de midden- en boppebou fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

Mei Taal yn Byld wurde de ferskate memmetalen fan de bern middels posters letterlik yn byld brocht. Bern freegje âlden of pakes en beppes nei moaie sinnen, spreuken en fersregels yn harren memmetaal. Dy memmetaal kin Frysk, Nederlânsk, Arabysk, Hebriuwsk of noch wer in oare taal wêze. It yn byld bringen fan de eigen memmetaal, de eigen identiteit, en it petear hjiroer (tegearre mei âlden) soarget foar wurdearring fan elkoars memmetalen en eftergrûnen. Hjirtroch wurdt de ferbining tusken skoalle, bern en âlden fersterke. De wille yn ta(a)len stiet foarop. Dêrnjonken fynt der bewustwurding plak. Troch Taal yn Byld ûntdekke bern bygelyks dat guon talen hiel oare tekens hawwe as it ABC of se sjogge dat in klassegenoat mei Marokkaanske âlden fan rjochts nei links lêze kin. 

Hjirûnder kinst de katern delhelje, yn ferskate talen binne der wurkblêden om ynterviews te hâlden en ek fynst de powerpoints yn ferskate talen. Wolst der mear oer lêze oer hoe’t it der op skoalle útsjen kin? Besjoch dan hjir in artikel út MeerTaal.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf
By Taal yn Byld wurde alle thústalen fan de bern letterlik yn byld brocht. Dit kin Frysk, Nederlânsk, Arabysk, Koerdysk, mar ek Biltsk, Stellingwerfsk, Liwadders of hokker (streek)taal dan ek wêze. De klam leit op rykdom fan de meartaligens. Bern wurde stimulearre nijsgjirrich te wêzen nei al dy talen.

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
By Taal yn Byld stiet de dialooch, sawol op skoalle as thús, sintraal. Troch mei inoar yn petear te gean oer de talen út de klasse, wurde sawol bern as âlden en leararen oanset om grutsk te wêzen op har memmetaal. It soarget foar mear bewustwurding en wurdearring fan elkoars talen en eftergrûnen.

Undersykjend learen
De bern dogge ûndersyk nei taalskatten dy’t op har skoalle en yn har buert te finen binne. Dizze taalskatten binne faak goed ferburgen, se binne net te sjen en soms ek net mear te hearren…

Training?

Taal yn Byld is ienfâldich yn te setten yn ‘e groep. It katern foar de learaar, de powerpoint foar de groep en it wurkblêd foar de bern wize it paad. Binne der noch fragen of tips dan is in mailtsje genôch.

Kontaktpersoanen

Profielfoto-IMO

Janke Singelsma

janke.singelsma@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Maaike Pulles

maaike.pulles@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Grietje van der Weg

g.vanderweg@cedin.nl

Profielfoto-IMO

Tjitske van Akker

t.vanakker@cedin.nl

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?