Lichtgroen - Kinderboekenweek - TF2030 PU Frysk lêze 1

Fol aventoer!

Dat is it tema fan de lanlike Kinderboekenweek yn oktober. Ynspirearjend Meartalich Underwiis slút alle jierren by it lanlike tema oan mei de Fryske Berneboekewike. Fryske boeken foarmje de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean. 

In pear wike foar de Berneboekewike, op 10 septimber 2025, fersoarget YMU wer in Masterclass foar learkrêften, taal- en lêskoördinatoaren, lêskonsulinten en oare lêspromoaters yn de basisskoalle. Fan 15.00-17.30 oere kinne dy strune op de ynspiraasjemerk, skriuwers en yllustratoaren fan de boeken moetsje en dielnimme oan wurkwinkels. Der is muzyk, der is toaniel en der wurde in soad praktyske tips jûn foar yn de klasse. Koartsein: in middei foar moeting, ynspiraasje en gesellichheid. Nei ôfrin fan de Masterclass krijt elkenien fergees in boek én in magazine dêr’t in skat oan lêsideeën foar elke bou yn te finen is.

Yn 2025 stiet it tema Fol aventoer! sintraal. Der binne aktiviteiten makke oan ‘e hân fan trije boeken:

 
Nei de Masterclass fynst hjir foar elke bou it magazine mei lesideeën.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf 
By de Berneboekewike foarmje Fryske (berne)boeken de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean.

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen 
De aktiviteiten dy’t ûntwikkele binne by elk boek binne stik foar stik rjochte op de meartalige dialooch. Troch de tematyske wize fan wurkjen, de iepen opdrachten en presintaasjes, wurdt der leard yn in betsjuttingsfolle omjouwing. Bern kinne harren eigen eftergrûn en ûnderfining ynbringe. 

Undersykjend en boartsjend learen
De bern ûndersykje mei inoar it tema troch deroer te filosofearjen, stelle fragen en gean mei inoar yn petear oer in boek en dogge ûnderfining op mei it skriuwen en ferbetterjen fan teksten en presintaasje op grûn fan skaaimerken.

Training?

Oplevere tekstpakketten kinne troch alle skoallen selsstandich brûkt wurde. It stiet leararen frij om sels in tekstpakket gear te stallen út ferskillende beskikbere teksten om sa it oanbod optimaal oanslute te litten by in tema. Begelieding op lokaasje of mear ynformaasje oer ûndersykjend learen en meartalich wurkjen is beskikber yn oerlis.

Kontaktpersoan

Profielfoto-IMO

Sigrid Kingma

sigrid.kingma1@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Klarinske de Roos

klarinske.de.roos@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Maaike Pulles

maaike.pulles@nhlstenden.com

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?