
Babbelbrêge
De Babbelbrêge jout pjutte- en beukerliedsters praktyske ynspiraasje- en observaasjekaarten om in krêftige spulrjochte, meartalige en dialogyske learomjouwing te kreëarjen. Op dy wize wurdt de brede ûntwikkeling fan de bern stimulearre en wurde de kognitive en kulturele ferskillen oerbrêge. Der wurdt boppedat in brêge slein tusken pjutte- en beukerûnderwiis mei in trochgeande observaasjelist fan alle ûntwikkelingsgebieten.
Undersiken toane oan dat in brede ûntwikkeling en spulrjochte kurrikulum, yn stee fan learaarstjoerd en kognityf rjochte kurrikulum, de ûntwikkelingskânsen bepale. Dêrneist blykt de kwaliteit fan de ynteraksje tusken learaar en bern bepalend te wêzen foar de ûntwikkelingskânsen.
Mei it projekt fan de Babbelbrêge is mei de pjutte- en beukerliedsters út it wurkfjild in observaasjelist makke foar it ynsetten op en it folgjen fan de brede ûntwikkeling.
Dêrneist binne der mei it wurkfjild ynspiraasje-hoekkaarten makke dy’t suggestjes jouwe foar it kreëarjen fan in krêftige meartalige learomjouwing. Der binne tinkfragen yn opnommen om de kwaliteit fan ynteraksje tusken de learaar en it bern yn it spul te fergrutsjen.
Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
Meartalich perspektyf
By de Babbelbrêge is der wurdearring foar en wurdt it brûken fan meartaligens stimulearre. De learaar kreëarret in meartalige learomjouwing troch brûk te meitsjen fan printeboeken yn ferskate talen, troch materialen út oare kultueren yn de hoeken te pleatsen, troch belangstelling te hawwen foar de thústaal fan in bern en dêrby oan te sluten.
Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
By de Babbelbrêge stiet in spulrjochte kurrikulum sintraal. Dat betsjut dat de omjouwing fan it bern bestiet út ferskate rike boartershoeken dêr’t yn ûntdutsen wurde kin en wêryn’t foar elke spulfaze materiaal oanwêzich is. Dit alles lokt ynteraksje tusken de bern út. Dêrneist stimulearret de learaar de ynteraksje mei it bern mei help fan de trije F’s by spulbegelieding: ferkenne, ferbine, ferrykje.
Undersykjend (en boartsjend) learen
Spul is in wize wêrop’t in kulturele praktyk útfierd wurdt mei erkenning fan regels, tastiene frijheidsgraden en hege belutsenens. Spul en boartsjen sit yn ús natuer, is wichtich foar ús kultuer. Spul is de motor foar learen, kreativiteit en de basis foar de sosjale gearhing yn ús maatskippij. Undersyk toant oan dat in spulrjochte kurrikulum de ûntwikkelingskânsen fan bern bepale.
Training?
Folje ûndersteand kontaktformulier yn as der ferlet is fan mear eftergrûnynformaasje oer de Babbelbrêge of help by it ynsetten fan in rike taallearomjouwing.
Kontaktpersoan

Jolanda Verhoef
jolanda.verhoef@nhlstenden.com
“Learlingen benutte de thústaal as in boarne fan learen.”
Voornaam Achternaam
“Mei inoar prate, tinke en leare yn in betsjuttingsfolle omjouwing.”
Voornaam Achternaam
“Spul is de motor foar ûntwikkeling.”
Voornaam Achternaam