Besjoch it Mar Beeldend

Besjoch it mar!

Besjoch it mar! is bedoeld foar de boppebou fan it PU en de ûnderbou fan it FU, wêrby’t in ynspirearjende digitale ferhalefoto oer de Fryske omjouwing de start is om in floch te meitsjen. Alle Fryske kearndoelen komme oan bod, mar de klam leit op sjen en praten.  

Mei Besjoch it mar! kinst de tiid even in slachje stadiger draaie litte. De tiid nimme om mei inoar in foto út de Fryske omjouwing te besjen, de tiid nimme om echt nei inoar te harkjen en om mei inoar yn petear te gean. De tiid nimme en tagelyk oan saken as boargerskip, digitale letterfeardigens en de Fryske taal en kultuer te wurkjen. Op in moderne wize it ûnderwiis stâl jaan troch bern sels ûntdekke te litten, harren kreativiteit te stimulearjen en foaral wille te hawwen. Leare troch te dwaan en te eksperimintearjen en sa digitaal, sosjaal en Frysk feardiger te wurden.

Besjoch it mar! begjint mei in digitale ferhalefoto dy’t de bern ien minút yn stilte besjogge. Dit is net samar in foto: it is in foto dy’t op ferskillende manieren besjoen en ynterpretearre wurde kin. Mei inoar ûndersykje de bern yn groepkes fan trije de foto. Dêrnei stappe se yn de foto en fertelle se mei help fan de ferbyldingsfragen har ferhaal oan inoar en fia in floch oan de groep. 

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf  
By Besjoch it Mar! is de wurdearring foar de thústalen wichtich en wurdt it brûken hjirfan stimulearre. Bern meitsje brûk fan harren eigen taal om nije kennis op te dwaan en komme dêrby yn ’e kunde mei talen dy’t se sels net prate. Op dizze wize wurdt har taalgefoel stimulearre en ûntwikkelje se in positive attitude nei oare talen en kultueren ta. 

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen 
Der wurdt net leard troch (kennis)oerdracht en ynstruksje, mar troch yn ynteraksje mei inoar ‘kennis te konstruearjen’. In digitale ferhalefoto oer de Fryske kultuer is de start foar de dialooch en it meitsjen fan in eigen Fryske floch. 

Undersykjen learen 
De bern ûndersykje mei help fan ferbyldingsfragen mei inoar in digitale ferhalefoto oer de Fryske kultuer. Fan sjen en tinken, nei praten en harkjen, nei skriuwen en lêzen.

Training?

Besjoch it Mar! is ienfâldich yn te setten yn ‘e groep. De ynspiraasjekaarten wize it paad: ien kaart foar ien flog. Binne der noch fragen of tips dan is in mailtsje genôch. Wurkwinkels foar it team binne mooglik.

Kontaktpersoanen

Profielfoto-IMO

Janke Singelsma

janke.singelsma@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Jolanda Verhoef

jolanda.verhoef@nhlstenden.com

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?