Spot oan!
Dat is it tema fan de lanlike Kinderboekenweek yn oktober 2026. Ynspirearjend Meartalich Underwiis slút alle jierren by it lanlike tema oan mei de Fryske Berneboekewike. Fryske boeken foarmje de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk oan de slach te gean.
Alle jierren fersoarget YMU in pear wiken foar de Berneboekewike in Masterclass foar leararen, taal- en lêskoördinatoaren en lêskonsulinten. Der is in ynspiraasjemerk, de skriuwers fan de boeken komme te sinjearjen, der is muzyk, toaniel en in tal wurkwinkels. Koartsein: in middei foar moeting, ynspiraasje opdwaan en gesellichheid. Nei ôfrin fan de Masterclass krijt elkenien fergees in boek én in magazine dêr’t in skat oan lêsideeën foar elke bou yn te finen is.
Yn 2026 stiet it tema Spot oan! sintraal. Der binne aktiviteiten makke oan ‘e hân fan trije boeken:
- Adam en syn Tuba fan Žiga Gombač
- Anton yn it museum fan Mirjam van Houten
- De geheime doar fan Lida Dykstra
Algemien
Underbou
Middenbou
Magazine middenbou
Aktiviteit 1 Kreative opdrachten + sjochplaten
Aktiviteit 2
Boekeposter
Aktiviteit 3
Fragekaart + helpkaart filosofearje
Aktiviteit 4
Taalrûnte tekenlistje
Aktiviteit 5
Sykje ien dy't
Aktiviteit 6
Helpblêd keunstwurken + wurkblêd
Aktiviteit 7
Helpblêd kleurekontrast
Ingelsk Aktiviteit Sirkus
Audiofragmint Adam and his Tuba
Ekstra Knipkeunst meitsje
Nijsgjirrige links
Boppebou
Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
Meartalich perspektyf
By de Berneboekewike foarmje Fryske (berne)boeken de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean.
Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
De aktiviteiten dy’t ûntwikkele binne by elk boek binne stik foar stik rjochte op de meartalige dialooch. Troch de tematyske wize fan wurkjen, de iepen opdrachten en presintaasjes, wurdt der leard yn in betsjuttingsfolle omjouwing. Bern kinne harren eigen eftergrûn en ûnderfining ynbringe.
Undersykjend en boartsjend learen
De bern ûndersykje mei inoar it tema troch deroer te filosofearjen, stelle fragen en gean mei inoar yn petear oer in boek en dogge ûnderfining op mei it skriuwen en ferbetterjen fan teksten en presintaasje op grûn fan skaaimerken.
Training?
Oplevere tekstpakketten kinne troch alle skoallen selsstandich brûkt wurde. It stiet leararen frij om sels in tekstpakket gear te stallen út ferskillende beskikbere teksten om sa it oanbod optimaal oanslute te litten by in tema. Begelieding op lokaasje of mear ynformaasje oer ûndersykjend learen en meartalich wurkjen is beskikber yn oerlis.
Kontaktpersoan

Sigrid Kingma
sigrid.kingma1@nhlstenden.com

Klarinske de Roos
klarinske.de.roos@nhlstenden.com

Maaike Pulles
maaike.pulles@nhlstenden.com
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam