Lichtgroen - Kinderboekenweek - TF2030 PU Frysk lêze 1

Masterclass Berneboekewike

De earste wike fan oktober is de lanlike Kinderboekenweek. Ynspirearjend Meartalich Underwiis slút alle jierren by it lanlike tema oan mei in Fryske Berneboekewike wêr’t Fryske boeken de basis foarmje om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean. 

Alle jierren fersoarget YMU in pear wiken foar de Berneboekewike (yn septimber) in Masterclass foar leararen, taal- en lêskoördinatoaren en lêskonsulinten. Der is in ynspiraasjemerk, de skriuwers fan de boeken komme te sinjearjen, der is muzyk, toaniel en in tal wurkwinkels. Koartsein: in middei foar moeting, ynspiraasje opdwaan en gesellichheid. Nei ôfrin fan de Masterclass krijt elkenien fergees in boek én in magazine dêr’t in skat oan lêsideeën foar elke bou yn te finen is.

Komst ek nei de masterclass? Foar de simmerfakânsje kinst dy opjaan troch it kontaktformulier (dat dan iepen stiet) yn te foljen.

Hjirûnder fynst ynspiraasje fan de foargeande jierren. De aktiviteiten binne ek hiel goed te brûken troch it jier hinne by ferskate tema’s.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf 
By de Berneboekewike foarmje Fryske (berne)boeken de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean.

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen 
De aktiviteiten dy’t ûntwikkele binne by elk boek binne stik foar stik rjochte op de meartalige dialooch. Troch de tematyske wize fan wurkjen, de iepen opdrachten en presintaasjes, wurdt der leard yn in betsjuttingsfolle omjouwing. Bern kinne harren eigen eftergrûn en ûnderfining ynbringe. 

Undersykjend en boartsjend learen
De bern ûndersykje mei inoar it tema troch deroer te filosofearjen, stelle fragen en gean mei inoar yn petear oer in boek en dogge ûnderfining op mei it skriuwen en ferbetterjen fan teksten en presintaasje op grûn fan skaaimerken.

Training?

Alle jierren wurdt in masterclass rûnom de lanlike Kinderboekenweek en it tema dêrfan organisearre. De ferskate aktiviteiten dy’t yn de Masterclass oan de oarder komme slute oan by besteande aktiviteiten fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis. Ek binne der mooglikheden om kursussen te folgjen by de ferskate ûnderdielen dy’t yn de Masterclass oan de oarder komme. 

Kontaktpersoan

Profielfoto-IMO

Maaike Pulles

maaike.pulles@nhlstenden.com

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde Masterclass Berneboekewike 2025