
Besjoch it Mar!
Besjoch it Mar! is bedoeld foar de boppebou fan it PU en de ûnderbou fan it FU, wêrby’t in ynspirearjende foto oer de Fryske omjouwing de start is om in flog, soundscape of stopmotion filmke te meitsjen. Alle Fryske kearndoelen komme oan bod, mar de klam leit op sjen en harkjen.
Besjoch it Mar! start mei in grutte foto op it digiboerd, dy’t ferbûn is mei de Fryske taal en kultuer en dy’t op ferskate wizen te ynterpretearjen is. It ferhaal op de foto kin út ferskate perspektiven ferteld wurde. Mei-inoar, en mei help fan de learaar dy’t doelrjochte fragen stelt, wurdt de foto hiel goed besjoen en ûndersocht. Al dwaande ûntsteane nije fragen dy’t it kritysk, analytysk en kreatyf tinken stimulearje. Dit is de oanset ta it betinken fan in nij ferhaal dat yn byld brocht wurdt mei in flog, in soundscape of in stopmotion filmke. De bern wurde oantrune om de Fryske taal te brûken. Besjoch it Mar! soarget derfoar dat bern har bewust wurde fan har eigen tinkpatroanen en dy fan har klasgenoaten. Ferbyldingskrêft en taalfeardigens wurde mei Besjoch it Mar! stimulearre: Taal is byld en byld is taal.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
Meartalich perspektyf as kontekst
By Besjoch it Mar! is de wurdearring foar de thústa(a)l(en) wichtich en wurdt it brûken hjirfan stimulearre. Bern meitsje brûk fan harren eigen taal om nije kennis op te dwaan en komme dêrby yn ’e kunde mei talen dy’t se sels net prate. Op dizze wize wurdt har taalgefoel stimulearre en ûntwikkelje se in positive attitude nei oare talen en kultueren ta.
Dialogysk perspektyf op learen en taalûntjouwing
By Besjoch it Mar! wurdt der net leard troch (kennis)oerdracht en ynstruksje, mar troch yn ynteraksje mei-inoar ‘kennis te konstruearjen’. Mei help fan de Artful Thinking Strategies ûndersykje de bern mei-inoar in foto. Fan sjen en tinken, nei praten en harkjen, nei skriuwen en lêzen. De oanpak nûget út ta in ûndersykjende hâlding en om aktyf mei te dwaan.
Kultureel perspektyf op taalûntwikkeling
By Besjoch it Mar! wurde bern yn har eigen sosjaal-kulturele klasse útdage en stimulearre om mei-inoar te ûndersykjen, te sjen, te harkjen, te praten en te skriuwen oer in foto dy’t ferbûn is oan de Fryske taal en kultuer en de kulturele identiteit fan de regio.
Training?
Besjoch it Mar! is ienfâldich yn te setten yn ‘e groep. De ynspiraasjekaarten wize it paad: ien kaart foar ien flog, soundscape of stopmotion filmke. Binne der noch fragen of tips dan is in mailtsje genôch. Wurkwinkels foar it team binne mooglik.
Kontaktpersoanen

Gerrit Hoekstra
gerrit.hoekstra1@nhlstenden.com

Janke Singelsma
janke.singelsma@nhlstenden.com

Jolanda Verhoef
jolanda.verhoef@nhlstenden.com
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam