Denkmat Filosoferen Tink dy Tûk

Tink dy Tûk

Tink dy Tûk is in pedagogysk en didaktysk ynstrumint om troch de filosofyske dialooch te wurkjen oan boargerskip en de Frysk taal en kultuer, bedoeld foar alle groepen yn it primêr ûnderwiis.

Goai, lês, laitsje, tink en praat mei elkoar…tink dy tûk! Tink dy Tûk stiet yn it teken fan filosofearje mei bern. Troch mei bern te filosofearjen leare se dat de wrâld net swart-wyt is, dat in oar der oars oer tinke kin en dat dit ok is. De bern leare mei filosofearjen kritysk te tinken, mei-inoar in fraach te ûndersykjen troch te harkjen, te praten en fragen te stellen. Sa wurde se wizer oer harsels, de oare bern en de wrâld.

Hjirûnder kinst de katernen fan Tink dy Tûk delhelje. Yn elts katern stiet in bepaald tema sintraal.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf 
By Tink dy Tûk is der wurdearring foar en wurdt it gebrûk fan meartalichheid stimulearre. Om’t it by filosofearjen wichtich is om de eigen tinzen te fertellen, is it belangryk om dit yn de thústaal dwaan. Bern meitsje sa gebrûk fan har eigen taal om nije kennis op te dwaan en komme yn kontakt mei oare talen wêrtroch’t se in better taalgefoel en in positive attitude foar oare talen en kultueren ûntwikkelje.

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
By Tink de Tûk wurdt troch ynteraksje mienskiplike kennis konstruearre. Troch de tematyske wize fan wurkjen en de iepen fragen wurdt der leard yn in betsjuttingsfolle omjouwing. De ferskate thús-kultueren binne fan ynfloed op de petearen, want elk bern nimt eigen kennis mei oangeande it ûnderwerp.

Undersykjend learen
Yn it filosofysk petear ûndersykje de bern in filosofyske fraach troch dêr mei inoar oer nei te tinken en de dialooch oan te gean.

Training?

Tink dy Tûk is ienfâldich yn te setten yn ‘e groep. De katernen en spultsjes wize it paad. De filosofyske tinkmatte is in helpmiddel en kin besteld wurde troch in mailtsje te stjoeren of ûndersteand formulier yn te foljen. Leararen of teams dy’t in ferdjipping sykje oer filosofearje mei bern kinne in workshop of training oanfreegje. 

Kontaktpersoan

Profielfoto-IMO

Jolanda Verhoef

jolanda.verhoef@nhlstenden.com

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?