
De Inktfluencer
De Inktfluencer is in leechdrompelich poëzyprojekt, bedoeld foar de boppebou fan it primêr ûnderwiis, wêrby’t de Fryske taal en kultuer de ynspiraasje is om gedichten te skriuwen.
Op syn souderkeammerke skriuwt de Inktfluencer gedichten nei oanlieding fan syn aventoeren rûnom yn Fryslân. Sa rekket er ynspirearre troch de prachtige Fryske loften, troch Grutte Pier yn Kimswert, de Prinsetún yn Ljouwert en dielt er syn ynspiraasje foar poëzy troch in flog mei de klasse. De Inktfluencer daget de bern út om ek in inktfluencer te wurden en har gedichten mei him te dielen. De ynspiraasjekaarten wize de learaar it paad om mei de Fryske kultuer en gedichten oan ‘e slach te gean.
Hjirûnder kinst de ynspiraasjekaarten delhelje (katern Inktfluencer), by elk gedicht fynst in filmke fan de Inktfluencer.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
Meartalich perspektyf as kontekst
By de Inktfluencer binne de filmkes en ynspiraasjekaarten Frysktalich. De bern wurde stimulearre om de thústaal yn te setten by de dialooch en it skriuwen fan de gedichten.
Dialogysk perspektyf op learen en taalûntwikkeling
By de Inktfluencer gean de bern net allinnich, mar altyd mei-inoar oan de slach mei Frysktalige gedichten. Troch sa mei-inoar te praten en te tinken leare de bern Fryske gedichten te skriuwen, lykas elfkes, nammegedichten, ruilgedichten, ensfh.
Kultureel perspektyf op taalûntwikkeling
De Inktfluencer lit him ynspirearje troch eleminten út de Fryske taal en kultuer om in gedicht te skriuwen. It skriuwen fan de bern fynt plak yn in funksjonele kontekst, troch de gedichten te dielen mei de klasse en troch se op te stjoeren nei de Inktfluencer.
Training?
De Inktfluencer is ienfâldich yn te setten yn ‘e groep. De ynspiraasjekaarten wize it paad: ien kaart foar ien gedicht. Binne der noch fragen of tips dan is in mailtsje genôch. Wurkwinkels foar it team binne mooglik.
Kontaktpersoanen

Janke Singelsma
janke.singelsma@nhlstenden.com

Jolanda Verhoef
jolanda.verhoef@nhlstenden.com
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam