Praat mar Toaniel - TF2030 PU Groep 7 Praat mar Toaniel 3

Praat mar Toaniel

Praat mar Toaniel is in projekt foar de midden- en boppebou fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis, dêr’t bern njonken toaniellêzen ek dwaande binne mei it praten oer teksten en tema’s, it betinken fan nije sênes en it presintearjen oan klassegenoaten en âlden. Troch wille te hawwen stappe bern sûnder it te witten oer de Fryske praat- en/of skriuwdrompel.

Praat mar Toaniel is basearre op eardere Berne Iepenloft Spullen. Elts ferhaal begjint mei in ynlieding. Troch der mei inoar oer te praten en filmkes sjen te litten oriïntearje de bern har op de ynhâld. Dêrnei folgje de sênes, dy’t bern yn groepkes lêze en dêrnei presintearje kinne. Nei eltse sêne is der in ferwurkingsopdracht, wêryn’t bern ferskate mooglikheden krije om mei inoar oer de tekst nei te tinken, te praten of te skriuwen. Sa is der oandacht foar alle taaldomeinen. Hoe’t dit der útsjocht kinst hjir lêze en besjen yn in artikel út MeerTaal of besjoch de presintaasje hjirûnder.

De toanielboekjes kinst hjir bestelle. 

Wolst it toanielstik noch mear fleur jaan? By ferskate boekjes binne ek sjongteksten mei muzyk beskikber, skreaun troch ûnder oare Peter Sijbenga. Dy fynst hjirûnder:

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf
By Praat mar Toaniel binne de toanielboekjes Frysktalich, mar yn guon boekjes komt ek Nederlânsk en streektaal foar. It is mooglik oare thústalen ek in plak te jaan troch bern rollen fertale te litten.

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
By Praat mar Toaniel binne toanielteksten de start om mei inoar te lêzen, te praten en te skriuwen. De bern lêze yn groepkes de sênes en helpe inoar om dat sa goed mooglik te dwaan. It útfieren fan de opdrachten oan de ein fan eltse sêne set oan om mei inoar yn petear te gean.

Undersykjend learen
De bern ûndersykje mei inoar toanielsênes en wat de ynfloed fan stim, mimyk, lichem en emoasje hjirby is. Troch yn in rol te ferpleatsen wurde bern oanset om fan in oar perspektyf út te sjen.

Training?

Praat mar Toaniel is ienfâldich yn te setten yn ‘e groep. De toanielboekjes wize it paad: ien boekje foar ien toanielstik. Binne der noch fragen of tips dan is in mailtsje genôch. Wurkwinkels foar it team binne mooglik.

Kontaktpersoanen

Profielfoto-IMO

Janke Singelsma

janke.singelsma@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Bert van der Lijn

b.vanderlijn@cedin.nl

Profielfoto-IMO

Doete Stenekes

d.stenekes@cedin.nl

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?