Ynspirearjend Meartalig Underwiis
Yntroduksje
Op dizze webside fynst ynspiraasje; ynspiraasje foar goed talenbewust ûnderwiis mei in spesjale fokus op it Frysk. De webside is in ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030 en in inisjatyf fan it lektoraat Meertaligheid & Geletterdheid fan NHL Stenden Hogeschool en Cedin.
De webside is yn earste ynstânsje bedoeld foar de ûnderwiispraktyk, dus foar leararen en taalkoördinatoaren dy’t sykje nei ynspirearjende aktiviteiten oangeande meartaligens, mei it aksint op it leargebiet Fryske taal en kultuer. Skoallen kinne putte út de aktiviteiten en se nei de hân sette, sadat se passe yn de eigen skoalkontekst.
Dizze webside biedt ferskate rûtes oan skoallen dy’t, yn stee fan of yn gearhing mei in taalmetoade, stribje nei in rike en ynspirearjende learomjouwing, om te kommen ta goed talenbewust ûnderwiis mei it aksint op it learen en brûken fan it Frysk.
De sekretarisfûgel stiet symboal foar YMU. De fûgel tanket syn namme oan de sierfearren op syn kop. Eartiids brûkten klerken fearren as skriuwark. Yn de YMU-projekten stiet it learen en brûken fan taal sintraal, net allinnich skriuwen mar ek lêzen, harkjen en praten. De eigenwize hâlding en sierfearren op syn kop ferwize nei ús eigenwize ynspirearjende taalprojekten.
Fyzje
Hieltyd mear skoallen realisearje harren dat it taalûnderwiis op syn minst foar in part in yntegraal ûnderdiel foarmje moatte soe fan ‘de oare fakken’. De taal is in middel om te kommunisearjen (bgl. ûnder it gearwurkjen), om fan te genietsjen (bgl. by it klassikaal foarlêzen), om de kreativiteit fan learlingen te befoarderjen (bgl. by it skriuwen fan gedichten) en fansels om (mei inoar) kennis te konstruearjen (bgl. by wrâldoriïntaasje).
YMU is in gearhingjend pakket fan aktiviteiten wêrby’t op ynspirearjende wize alle taaldomeinen ferbûn wurde oan ‘oare’ doelen fan it ûnderwiis. De aktiviteiten yn YMU binne derop rjochte om skoallen de mooglikheid te bieden om ynspirearjende materialen en wurkwizen yn te setten om de doelen fan it (meartalige, Fryske) ûnderwiis te berikken. De aktiviteiten binne ûntwikkele op basis fan in fyzje op ûnderwiis dêr’t yn útgien wurdt fan ûndersteande kaaiprinsipes.
Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
YMU hantearret trije kaaiprinsipes dy’t mei inoar ferbûn binne. Allegearre binne se rjochte op it befoarderjen fan aktyf learen en belutsenens fan learlingen. It meartalich perspektyf erkent de wearde fan de thústaal fan bern en moediget it brûken dêrfan oan as in boarne fan learen. By dialogyske ynteraksje en kultureel learen leit de klam op it belang fan ynteraksje en gearwurking tusken bern, wêrby’t se mei inoar tinke en redenearje oer ûnderwerpen. Undersykjend learen slút dêrby oan troch bern oan te moedigjen om fragen te stellen, hypotezen te formulearjen en selsstannich op ûndersyk út te gean. Dizze benaderingen stimulearje nijsgjirrigens, kreativiteit en probleemoplossend fermogen by bern, wylst de learaar fungearret as begelieder en fasilitator fan it learproses.
Meartalich perspektyf
De thústaal ynsette om talen te learen en om de kennis te fergrutsjen
Bern groeie op yn in meartalige kontekst. Ek yn Fryslân is meartaligens in feit en bestiet dy meartalige kontekst út it Frysk en it Nederlânsk, mar ek út oare regionale farianten (tink oan it Biltsk) en oare thústalen fan bern (fan Arabysk oant Frânsk en fan Ingelsk oant Tigrinya). Al dy talen dy’t de bern meibringe foarmje in boarne fan learen en binne rjochtingjouwend yn de wize wêrop’t it taalûnderwiis foarmjûn wurdt. Dat betsjut fansels net dat in learaar al dy talen prate moat, mar wol dat de talige en kulturele diversiteit der yn de klasse wêze mei en wurdearre wurdt. Ek docht bliken út ûndersyk dat meartalige bern de romte krije moatte de eigen taal te brûken yn de klasse, omdat it in wichtige opstap is foar it learen fan it Nederlânsk en it algemiene learen.
Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
Mei inoar prate, tinke en leare yn in betsjuttingsfolle omjouwing
Leare fynt altyd plak yn ynteraksje tusken learaar en bern (klassikale ynteraksje) of tusken bern ûnderinoar (gearwurkjend leare). It is dêrom fan belang om romte te jaan oan ynteraksje yn de klasse. Wichtich hjirby is dat de kwaliteit fan de ynteraksje derta docht: benammen dialogyske ynteraksje draacht by oan it learen oer alderhanne ûnderwerpen, oan taalfeardigensûntwikkeling en oan it eksperimintearjen mei taal as utering fan in kreatyf proses. Dialogyske ynteraksje fynt plak yn aktiviteiten dy’t bern stimulearje ta mei inoar tinke en redenearje oer in ûnderwerp. Troch mei inoar te praten, te tinken en te learen ûntstiet it ynsjoch en de wurdearring foar dysels, de oar en de wrâld. De aktiviteiten yn YMU binne der op rjochte om in foar bern betsjuttingsfolle en funksjonele kontekst te bieden, wêryn’t se útdage en stimulearre wurde om harren taalfeardigens, sawol skriftlik as mûnling, fierder te ûntwikkeljen.
Undersykjend learen
Mei inoar ûndersyk dwaan nei antwurden op eigen fragen
Undersykjend learen is in wurkwize wêrby’t bern aktyf belutsen binne by it ûntdekken en ferkennen fan nije kennis en ynsichten. It moediget harren oan om fragen te stellen, hypotezen te formulearjen en selsstannich op ûndersyk út te gean. Troch kritysk tinken en gearwurking wurde bern stimulearre om harren eigen kennis op te bouwen en te ferdjipjen. Undersykjend learen befoarderet nijsgjirrigens, kreativiteit en probleemoplossend fermogen by bern. It is in ynteraktyf proses wêrby’t de learaar fungearret as begelieder en fasilitator, en wêrby’t de bern sels aktyf belutsen binne by it konstruearjen fan harren eigen kennis.
Rûtes
YMU is begûn as in projekt wêrby’t op basis fan fragen fan leararen en taalkoördinatoaren meartalige aktiviteiten ûntwikkele binne. Dy aktiviteiten rjochtsje har soms op ien of meardere taaldomeinen, soms giet it om materiaal dat de skoalle yn de les brûke kin, soms om in wurkwize of in didaktyske wurkfoarm. YMU is yntusken útgroeid ta in gearhingjend pakket fan ynspirearjende materialen en wurkwizen dêr’t de skoallen út kieze kinne. Troch yn de ferskate groepen meardere aktiviteiten út te fieren en/of de aktiviteiten op meardere mominten yn it skoaljier yn te setten, ûntstiet in trochgeande learline njonken of yn stee fan de taalmetoade.
Mei de skoalstiper en/of de ûntwikkeler fan it YMU-materiaal kin de skoalle de aktiviteiten ynsette en oanpasse, passend by de eigen fragen en it eigen ferlet. YMU wurdt dêrmei in rûte nei in heger Taalplan Frysk taalprofyl.
Op dizze webside binne de aktiviteiten strukturearre op basis fan (mooglike) fragen fan skoallen. Troch te klikken op ien fan dy fragen, kin in kar makke wurde foar in aktiviteit of wurkwize:
Takomst
De provinsje Fryslân hat de subsydzje Taalplan Frysk yn elts gefal ferlinge oant 2028. Dit betsjut dat YMU fierder ymplemintearje en ûntwikkelje wurde kin. Doelen foar de kommende perioade binne:
- Besteande projekten ûndersykje en útwreidzje
- De ynfolling fan de rûtes ferbreedzje mei oare aktiviteiten/oanbod
- De nije kearndoelen ymplemintearje yn it besteande oanbod
- PR foar YMU fersterkje
- Gearwurking mei de PABO troch it oanbieden fan û.o. DBE opdrachten
- Njonken fragen fan leararen en skoallen it praktykrjochte ûndersyk útwreidzje nei oare sektoaren
- Gearwurking mei oare partijen (lykas Semko en Afûk) fersterkje en útwreidzje mei oare partijen (lykas Tresoar).
- …
Maaike Pulles
maaike.pulles@nhlstenden.com
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam