Spul Ekspedysje Meartaligens
Op in oare wize de kennis en bewustwurding oer Frysk en meartaligens fergrutsje? Gean mei dyn hiele team op Spul Ekspedysje Meartaligens! Troch it dwaan fan ferskate spultsjes krijst kennis oer meartaligens, ynsicht oer it belang fan in positive attitude oer meartaligens en krijst ynformaasje oer pedagogyske en didaktyske feardigens dy’tsto tapasse kinst yn de klasse. Leare yn de geast fan Einstein: “Play is de highest form of research”.
De training Spul Ekspedysje Meartaligens wurdt jûn mei ferskillende spultsjes, in spylboerd mei fragen en in kurrikulêr spinneweb. De kursisten wurde yn groepkes fan 2/4 persoanen ferdield. By elk spul stiet kennis oer in ûnderdiel fan meartaligens sintraal. Nei elk spul wurde der fragen steld om dizze kennis oer te setten nei de praktyk. Dizze antwurden wurde notearre op it mienskiplike kurrikulêre spinneweb.
De spullen en de ûnderwerpen:
- True or False. Misferstannen oer meartaligens.
- Lego-muorre bouwe. Meartalige taalûntwikkeling.
- Ja Jongu, Nee Juh. Taaldominânsje.
- Rebus. Foardielen meartaligens.
- Memory. Krêftige meartalige learomjouwing.
- Puzzel. ‘Talige Diversiteit’ en ‘Profilen Taalplan Frysk’.
Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
Meartalich perspektyf
Spul Ekspedysje Meartaligens is in spulsirkwy dat leararen mei inoar dogge. It doel hjirby is om middels in spulfoarm de kennis oer meartaligens te fergrutsjen en sadwaande bewust te wurden op hokker wize de meartaligens op de eigen skoalle in plak hat en hoe’t dit noch ferbettere wurde kin.
Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
Leararen gean yn de Spul Ekspedysje Meartaligens yn groepkes yn petear oer har eigen kurrikulum Frysk en Meartaligens. Se notearje hjirby konkrete oandachtspunten oer fyzje, leardoelen of bygelyks learaktiviteiten dy’t yn it taalbelied of de kwaliteitskaart Frysk en Meartaligens in plak krije kinne. It kurrikulêre spinneweb fan Van den Akker wurdt hjirby brûkt.
Undersykjend learen
De leararen ûndersykje yn de Spul Ekspedysje Meartaligens hoe’t it Frysk en Meartaligens in plak op har skoalle hat, oft der in trochgeande line is en hokker kânsen ta ferbettering der binne.
Training?
Wolst ek de Spul Ekspedysje Meartaligens mei dyn team dwaan? Dat kin troch in mail te stjoeren nei ûndersteande kontaktpersoanen of it ynfoljen fan it kontaktformulier.
Kontaktpersoanen
Janke Singelsma
janke.singelsma@nhlstenden.com
Jolanda Verhoef
jolanda.verhoef@nhlstenden.com
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam