Lichtgroen - Kinderboekenweek - TF2030 PU Frysk lêze 1

En toen?

De earste wike fan oktober is de lanlike Kinderboekenweek. Ynspirearjend Meartalich Underwiis slút alle jierren by it lanlike tema oan mei in Fryske Berneboekewike. Fryske boeken foarmje de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean. 

In pear wike foar de Berneboekewike fersoarget YMU in Masterclass Berneboekewike. Yn dizze Masterclass ûnderfine leararen sels de aktiviteiten yn wurkwinkels. Der wurdt ûnderskied makke tusken ûnder-, midden- en boppebou. Nei ôfrin fan de Masterclass krijt elk in poster mei wêrop’t in skat oan lesideeën foar elke bou te finen is, in saneamde Lesreis.

Yn 2020 stie it tema En toen? sintraal. Der binne aktiviteiten makke by trije boeken:

  • Underbou: Myn moaiste mearkes
  • Middenbou: De huodsjes fan Mata Hari fan Lida Dykstra
  • Boppebou: Silke en Miss Dee fan Baukje Wytsma


Hjirûnder is de Lesreis per bou del te heljen.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf
By de Berneboekewike foarmje Fryske (berne)boeken de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean.

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
De aktiviteiten dy’t ûntwikkele binne by elk boek binne stik foar stik rjochte op de meartalige dialooch. Troch de tematyske wize fan wurkjen, de iepen opdrachten en presintaasjes, wurdt der leard yn in betsjuttingsfolle omjouwing. Bern kinne harren eigen eftergrûn en ûnderfining ynbringe.

Undersykjend learen
De bern ûndersykje mei inoar it tema troch deroer te filosofearjen, stelle fragen en gean mei inoar yn petear oer in boek en dogge ûnderfining op mei it skriuwen en ferbetterjen fan teksten en presintaasje op grûn fan skaaimerken.

Training?

Alle jierren wurdt in masterclass rûnom de lanlike Kinderboekenweek en it tema dêrfan organisearre. De ferskate aktiviteiten dy’t yn de Masterclass oan de oarder komme slute oan by besteande aktiviteiten fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis. Ek binne der mooglikheden om kursussen te folgjen by de ferskate ûnderdielen dy’t yn de Masterclass oan de oarder komme. 

Kontaktpersoan

Profielfoto-IMO

Klarinske de Roos

klarinske.de.roos@nhlstenden.com

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Aanmelden