
Folksferhalen
Yn juny stiet by Ynspirearjend Meartalich Underwiis erfgoed sintraal. Yn ’e Erfgoedwike fan 2025 draait it allegear om folksferhalen.
Yn 2025 stiet it folksferhaal fan It Wyfke fan Starum sintraal. Lit jim ynspirearje troch de aktiviteiten dy’t oanbean wurde yn ’e katernen: gean mei bern yn petear, meitsje muzyk en ferwurkje it ferhaal op in kreative manier!
It ferhaal fan It Wyfke fan Starum
It ferhaal fan It Wyfke fan Starum is op ferskate wizen foar jim útwurke. Foar groep 1-4 is der in presintaasje makke dêr’t it ferhaal oan ‘e hân fan foto’s útspile wurdt. Foar groep 5-8 is it ferhaal yn trije talen opskreaun.
Folksferhalen út oare plakken
Hjirûnder fynst ferhalen út oare plakken: Ferhalen op maat. Hoe’tst dizze ferhalen brûke kinst yn de Erfgoedwike, stiet yn ‘e hantlieding. Dêrnjonken binne der in oantal algemiene ferhalen út Fryslân dy’tst ek hiel goed brûke kinst. Folle wille mei it fertellen fan de ferhalen!
Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
Meartalich perspektyf
Yn de Erfgoedwike stiet in tema út de Fryske taal en kultuer sintraal. De aktiviteiten dy’t dien wurde binne de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean.
Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
De aktiviteiten dy’t ûntwikkele binne by it erfgoed tema binne stik foar stik rjochte op de meartalige dialooch. Troch de tematyske wize fan wurkjen, de iepen opdrachten en presintaasjes, wurdt der leard yn in betsjuttingsfolle omjouwing. Bern kinne harren eigen eftergrûn en ûnderfining ynbringe.
Undersykjend learen
De bern ûndersykje mei inoar it tema troch deroer te filosofearjen, stelle fragen en gean mei inoar yn petear. Se gean op ‘e strún yn de eigen omjouwing.
Ferdjippingsgearkomste: Ferhalen fertelle, hoe dogge je dat?
Oanslutend op it tema fan de Erfgoedwike is it mooglik in ferdjippingsgearkomste te folgjen oer ferhalen fertelle! Yn dizze ferdjippingsgearkomste komme jim yn ‘e kunde mei in tal folksferhalen, de wearde fan it fertellen fan ferhalen en wat dat docht foar de algemiene taalûntwikkeling. We sille ek hiel praktysk oan de slach mei it tarieden fan it fertellen fan in ferhaal.
Dizze ferdjippingsgearkomste wurdt organisearre út it Netwurk foar Taalkoördinatoaren Fryslân wei.
Datum: 4 juny 2025
Tiid: 15.00 oere oant 17.00 oere
Lokaasje: Ljouwert (mear ynfo folget)
Kontaktpersoan

Klarinske de Roos
klarinske.de.roos@nhlstenden.com
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam