TF2030 PU ekskurzje De Bolster Balk 1

Erfguodwike

Yn juny stiet by Ynspirearjend Meartalich Underwiis erfguod sintraal. Yn gearwurking mei oare Fryske organisaasjes (lykas Tresoar) wurdt der in tema keazen dêr’t skoallen yn de lêste wiken foar de simmerfakânsje mei oan de slach kinne.

Skoallen kinne derfoar kieze om Frysk en meartaligens oan te bieden yn trije projekten ferspraat oer it skoaljier: de TT – De Trije Topprojekten. De earste twa projekten, Berneboekewike yn oktober en Poëzywike yn febrewaris, hawwe itselde tema as de lanlike tema’s. Fryske boeken en gedichten foarmje de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Fryske en streektalen oan de slach te gean. It lêste projekt fan de TT is erfguod, wêryn’t it Fryske erfguod sintraal stiet.

Hjirûnder fynst ynspiraasje fan de foargeande jierren. De aktiviteiten binne ek hiel goed te brûken by in (Fryske) projektwike troch it jier hinne. Yn ‘e maitiid kinst dy wer opjaan foar de erfguodwike troch it ûndersteande kontaktformulier (dat dan iepen stiet) yn te foljen.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf 
Yn de Erfguodwike stiet in tema út de Fryske taal en kultuer sintraal. De aktiviteiten dy’t dien wurde binne de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean. 

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
De aktiviteiten dy’t ûntwikkele binne by it erfguod tema binne stik foar stik rjochte op de meartalige dialooch. Troch de tematyske wize fan wurkjen, de iepen opdrachten en presintaasjes, wurdt der leard yn in betsjuttingsfolle omjouwing. Bern kinne harren eigen eftergrûn en ûnderfining ynbringe. 

Undersykjend learen
De bern ûndersykje mei inoar it tema troch deroer te filosofearjen, stelle fragen en gean mei inoar yn petear. 

Training?

Oplevere tekstpakketten kinne troch alle skoallen selsstandich brûkt wurde. It stiet leararen frij om sels in tekstpakket gear te stallen út ferskillende beskikbere teksten om sa it oanbod optimaal oanslute te litten by in tema. Begelieding op lokaasje of mear ynformaasje oer ûndersykjend learen en meartalich wurkjen is beskikber yn oerlis.

Kontaktpersoan

Profielfoto-IMO

Klarinske de Roos

klarinske.de.roos@nhlstenden.com

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?