kids-7024409_1280

Fak Taal Formule

De Fak Taal Formule is in kursus dy’t de learaar leart hoe’t it Frysk goed keppele wurde kin oan fakken as wrâldoriïntaasje of boargerskip.

Yn Fryslân wurdt op de measte skoallen lesjûn yn trije talen: it Nederlânsk, it Frysk en it Ingelsk. Dy talen kinst as los fak oanbiede, mar kinst de ferskillende talen ek yntegrearje yn oare fakken of aktiviteiten. Dizze oanpak wurdt CLIL neamd; Content and Language Integrated Learning. De Fak Taal Formule is in útwurking fan de CLIL-oanpak, rjochte op it Frysk.

Yn de gearkomsten wurde de stappen fan de Fak Taal Formule útlein, wurde konkrete foarbylden dield en leart de learaar dizze didaktyk ta te passen yn de klasse.

Dêrneist krije leararen stipe by it meitsjen fan ôfspraken oer it brûken fan ’e didaktyk en it boargjen fan de Fak Taal Formule.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf
By de Fak Taal Formule wurdt it Frysk, neist it Nederlânsk en it Ingelsk, ynset om de meartalige taalûntwikkeling fan de bern te stypjen en om harren kennis te fergrutsjen.

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
Trochdat de learaar it Frysk as fiertaal of ynstruksjetaal brûkt, sille de bern dizze taal ek earder oernimme. Yn de les sil de dialooch yn it Frysk tusken de bern stimulearre wurde. De learaar stimulearret de attitude foar de Fryske taal en kultuer troch by skiednis, ierdrykskunde en biology oan te sluten by de omjouwing fan de bern.

Undersykjend learen
De bern wurde harren bewust fan oerienkomsten en ferskillen tusken talen, troch aktyf meardere talen yn de les te brûken en romte te krijen foar harren eigen thústaal.

Training?

Der binne meardere opsjes foar in team:

1. De skoalle folget in koarte yntroduksjekursus fan ien kear twa oeren en kin mei de basis oan ‘e slach;

2. De skoalle folget de folsleine kursus fan trije kear twa oeren, sadat njonken de didaktyk ek belied en it boargjen hjirfan oan ‘e oarder komme.

Kontaktpersoan

Profielfoto-IMO

Bert van der Lijn

b.vanderlijn@cedin.nl

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?