Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Filosofyske dialooch

De filosofyske dialooch is in ynstrumint foar alle learkrêften en bern dy’t nijsgjirrich binne nei de wrâld, harsels en de oar. De filosofyske dialooch is in ûntdekkingstocht, in tinkreis, dy’t je mei-inoar ûndernimme. Je reizgje nei de miening fan de oar oer alledaagse dingen, ûnderwerpen dêr’t gjin pasklear antwurd op te jaan is. Je kinne lange en koarte reizen meitsje, je kinne se planne mar ek spontaan barre litte, je kinne yn it Frysk kommunisearje mar ek yn it Hollânsk of Biltsk.

Besjoch ús filmke

BOARGERSKIP, PERSOANSFOARMING EN KENNIS

De filosofyske dialooch is foar learkrêften en basisskoallen dy’t wurkje wolle oan kennis, persoansfoarming, boargerskip en 21-iuwske feardichheden sûnder dat der in ekstra metoade of fak op it roaster by komt. Elke reis dy’t je ûndernimme freget om in kompas, it kompas by de tinkreis binne de Sokratyske fragen. Dit freget fan dy as reizger dialogyske feardichheden, in Sokratyske hâlding. De filosofyske dialooch is net ienfâldich te hantearjen, mar asto it yn ‘e fingers hast dan komst op de moaiste plakken en belibbest fantastyske mominten mei-inoar. De rol fan de learkrêft is dy fan in coach en net fan in ynstrukteur.

Foto: Michelle Schijf (2019).

FILOSOFYSKE DIALOOCH YN IT KOART

De filosofyske dialooch is in pedagogysk en didaktysk ynstrumint. It is in middel om te wurkjen oan aktyf boargerskip trochdat it ynklusyf is, elkenien moat meidwaan. Je leare al dwaande demokratyske feardichheden lykas kritysk harkje en tinke, dyn eigen miening doare te sizzen en respekt te hawwen foar de miening fan de oar. Troch te filosofearjen yn ferskate talen wurkest boppedat net allinne oan boargerskip mar ek oan persoansfoarming, elk kin grutsk wêze op syn eigen taal. Undersyk lit sjen dat de dialooch kognitive en kulturele ferskillen oerbrêget. It befoarderet it sosjale klimaat yn de klasse en de kennis op rekkenjen, taal en wrâldoriïntaasje ferbetteret.

kleine-kippie

LEARKREFTEN OER DE FILOSOFYSKE DIALOOCH

“De kinderen kwamen samen tot de conclusie dat het einde ook altijd het begin van iets betekent.”

“Wat is het moeilijk om niet zelf te praten.”

“Groep 5 kan al alleen filosoferen!”

“De ‘denkmat’ is een handige tool. Het helpt mij en de kinderen.”

“Er komen kinderen bovendrijven die me positief verrassen met hun denkwijzen.”

… EN DE LEARLINGEN

“Het mooiste aan filosoferen is dat ik vrij kan zijn, vrij in denken en praten.”

BEGELIEDING

Om de filosofyske dialooch yn de skoalle of yn de klasse yn te fieren is it wichtich dat der earst algemiene kennis ûntwikkele wurdt oer dit pedagogysk en didaktysk middel. Dit kin troch it folgjen fan ien of meardere workshops oer de filosofyske dialooch, yn teamferbân op skoalle of by in kursus. Dêr wurdt de ‘tinkmatte’ oerhandige en kriget elk ynformaasjekaarten. De folgjende stap is de filosofyske dialooch ta te passen yn de klasse. Dit bart troch it ynstruksjeprinsipe voor-koor-door. De begelieder sil earst in filosofysk petear foardwaan mei de klasse. In wike letter sille de begelieder en de learkrêft tegearre in filosofyske dialooch fiere mei de bern. Uteinlik sil de learkrêft it allinne dwaan en sil mei help fan in lûdopname it petear transkribearre wurde om analysearje te kinnen en te reflektearjen.

UT DE PRAKTYK: DE FILOSOFYSKE DIALOOCH OP DE TWINER IN SINT JABIK

Op basisskoalle De Twiner yn Sint Jabik is yn it skoaljier 2018-2019 de filosofyske dialooch ynfierd yn alle groepen, fan beukers oant groep 8. De iene groep (en learkrêft) is fierder yn ûntwikkeling as de oar, mar elk is dwaande. De filosofyske dialooch is yntegrearre yn de fakken Trefwoord en Kwink (sosjaal emosjonele metoade) wêrtroch der oan meartaligens en boargerskip wurke wurdt, wyls it lesroaster net foller wurdt mei in ekstra fak. De filosofyske tinkmatte is ymplemintearre en folgjend skoaljier sille oare helpmiddels en wurkfoarms ûndersocht wurde op brûkberens.

Kontaktpersoanen foar dit projekt