
Format talebeliedsplan
Foar de oplieding is in pear jier lyn in kompakt talebeliedsplan-format ûntwikkele dêr’t it syklyske proses fan it formulearjen fan taalbelied goed yn ta útdrukking komt. Net allinnich yn de oplieding mar ek by de netwurken fernimme wy dat dit format wurkber en oersichtlik is. De formats kinne ek hiel goed wurkje as in praatpapier om mei it team yn petear te gean oer taalûnderwiis of in spesifyk taaldomein.
Wy konstatearje dat der in soad ferskillende formats yn omrin binne, ek wat ûnderdielen fan it gruttere gehiel oanbelanget, mei ûnderskate nammen. Hjirûnder besykje wy sa oersichtlik mooglik de ûnderskate ûnderdielen fan it format wer te jaan mei dêrby de funksje en it doel fan dat ûnderdiel sadatst dat fergelykje kinst mei de formats dy’tst op dyn eigen skoalle brûkst en dêrnei rjochte karren meitsje kinst.
Taljochting op de opset fan it talebeliedsplan (ferzje des. 2023)
It talebeliedsplan anno 2023/24 bestiet út in oantal mei-inoar gearhingjende ûnderdielen. De lêzer fan it talebeliedsplan is yn it foarste plak it team dêr’t de (oankommende) taalkoördinator mei wurket en oare belutsenen (taalkoördinatoaren fan oare skoallen, âlden, kollega’s út oare ynstellings, lykas in logopedist of lêsspesjalist, ensfh.).
Dokuminten yn it talebeliedsplan
1. Yn ‘e kunde komme mei de skoalle (begjinsituaasje)
Dat is it foarblêd dêr’t de skoalle him op presintearret: Dit binne wy, hjir steane wy foar, sa tinke wy oer taal(ûnderwiis) yn ús skoalle, oanliedingen foar it beliedsplan en wa’t belutsen binne yn de útfiering dêrfan. By de start fan de oplieding hawwe in soad skoallen noch gjin fisy op taalûnderwiis. It definitive foarblêd sil dus it startpunt wurde foar it talebeliedsplan nei ôfrin fan de oplieding. It jout in koarte en krêftige werjefte fan wêr’t de skoalle op dat stuit foar stiet en is it begjinpunt fan de fierdere ûntwikkeling en kwaliteitsslach dy’t makke wurdt fanút de analyzes dy’t makke binne yn de rin fan de oplieding. Eventuele toetsgegevens, trendanalyzes en al soks mear ta ûnderbouwing fan dit foarblêd, kinne opnommen wurde yn in (digitale) taheakke of link.
2. Analyze per domein (begjinsituaasje per domein, kaaiprinsipes en analyze wat úteinlik resultearret yn de beskriuwing fan de winske situaasje en it formulearjen fan spearpunten.)
Dizze ‘analyze per domein’ blêden foarmje it hert fan it talebeliedsplan. Op in prosesblêd wurdt foar elk taaldomein (lêzen, skriuwen en mûnlinge taal) yn kaart brocht hoe’t de situaasje no (lês: ein fan de oplieding) is troch in sterke/ swakte analyze op twa nivo’s: dy fan de bern en fan it learaarhanneljen. Tink dêrby bygelyks oan:
- Hokker skaaimerken hat ús populaasje en wat hawwe se dêrnei nedich?
- Hokker metoaden of wurkwizen wurde ynset en op hokker wize?
- Hokker kwaliteiten fan de leararen wurde dúdlik sichtber yn it taalûnderwiis wat wy no jouwe en wat soe noch fierder ûntwikkele wurde meie?
In helpmiddel foar it yn kaart bringen fan de begjinsituaasje is de checklist per domein. Dy checklisten liene har der ek goed foar om mei it team yn petear te gean oer de ferskillende taaldomeinen.
Dêrnei wurdt opnommen wat (domeinoerstiigjende) kaaiprinsipes (stellingen) binne foar goed ûnderwiis yn dat domein en hoe’t de winske situaasje der útsjen kinne soe op learaarnivo. Op basis dêrfan wurde trije spearpunten per domein fêststeld. By elk prosesblêd heart in taheakke mei dêryn in teoretyske ûnderbouwing dêr’t helder yn beskreaun wurdt hoe’t de kaaiprinsipes ta stân kommen binne. Der wurdt ferwiisd nei boarnen en in literatuerlist is opnommen. By elk domein wurdt de relaasje mei oare taaldomeinen dúdlik makke en wurdt de keppeling mei meartaligens makke. De trije prosesblêden smite úteinlik maksimaal 9 spearpunten op.
3. Prioritearring spearpunten foar trije jier (ûnderboud mei motivearring foar de karren dy’t makke wurde)
De 9 spearpunten wurde dêrnei mei-inoar yn ferbân brocht. Foar de kommende trije jier wurdt yn oerlis mei it team in tal prioriteiten formulearre, fuortkommend út dizze 9 spearpunten. Dy spearpunten wurde oaninoar ferbûn om te kommen ta prioriteiten yn it earste jier, twadde jier en tredde jier. Yn de beskriuwing fan de prioriteiten wurdt dúdlik hoe’t út de fyzje op taalûnderwiis op de skoalle wei ferskate taaldomeinen harren ta inoar ferhâlde/mei-inoar ferbûn binne en hoe’t eventuele ferbiningen mei oare leargebieten derút sjogge. It tal prioriteiten is beheind, om oan realistyske doelen wurkje te kinnen. In prioriteit kin fuortgong krije yn folgjende skoaljierren.
4. Utwurke spearpunt
Ta beslút wurdt it earste spearpunt útwurke neffens de PDCA-syklus. Ofhinklik fan de doelen yn it earste jier, kin it handich wêze om per spearpunt in formulier út te wurkjen. Dit formulier kin brûkt wurde om yn de personielsromte op te hingjen sadat elkenien de ûntwikkelingen folgje kin.
5. Taaljierplan (feroarproses)
It ûnderwerp fan de PDCA-syklus wurdt yn in teamplanning pleatst: wa docht wat, wannear, mei hokker doel en hokker middels en wannear evaluearrest de stappen dy’t it team dit jier meitsje sil? Dat kin fêstlein wurde yn it taaljierplan of, wannear’t de skoalle dêrfan gebrûk makket yn de skoalmonitor.
6. Borgingsdokumint (gjin format foar, skoallen brûke faak eigen format)
As it taaljierplan hielendal ôfrûne en ôfspraken fêstlein wurde kin oer hoe’t der fan dat stuit ôf oangeande dat spearpunt wurke wurdt, is der sprake fan in boargingsdokumint.
Wy kieze foar it talebeliedsplan in termyn fan 4 jier, leafst itselde mei it skoalplan. Yn fjouwer jier tiid kin der in soad feroarje wat de populaasje fan in skoalle oanbelanget, mar ek wat wittenskiplike ynsichten oangeande it taalûnderwiis, fisy op taal en taallearen of maatskiplike ûntwikkelings dy’t ynfloed hawwe kinne op it taalûnderwiis. Dit is wêrom’t de earste trije blêden fan it format op syn minst ien kear yn de fjouwer jier op ‘e nij besjoen wurde moatte. De lêste trije blêden wurde ynset ôfhinklik fan de planning.
Formats talebeliedsplan
Hjirûnder kinst alle formulieren dy’t hjirboppe beskreaun stean delhelje. Hast noch fragen oer it brûken fan de formats? Nim dan kontakt op mei de kontaktpersoanen of folje ûndersteand kontaktformulier yn.
Kontaktpersoan

Klarinske de Roos
klarinske.de.roos@nhlstenden.com
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam