Meertalig gedicht schrijven Wurdsnack

Wurdsnack

Wurdsnack is in poëzyprojekt, bedoeld foar de midden- en boppebou fan it primêr ûnderwiis, wêrby’t it meartalige gedicht Wurdsnack sintraal stiet.

By Wurdsnack leare de bern in rymjend gedicht te lêzen, te wurdearjen en sels te skriuwen. De bern leare de opbou fan in gedicht en betinke wurden dy’t op inoar rymje yn ferskate talen.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf as kontekst
By Wurdsnack wurde de bern stimulearre om alle yn de klasse oanwêzige talen yn te setten yn it klassepetear. De talen, lannen, wurden en ferhalen dêr’t bern mei komme, foarmje de basis foar it skriuwen fan in meartalich gedicht.

Dialogysk perspektyf op learen en taalûntwikkeling
By Wurdsnack gean de bern mei-inoar yn petear om ta kenniskonstruksje te kommen. Sa krije de bern sicht op wat de klasse as kollektyf wit en leare se fan inoars ynbring. De taak fan de learaar is om it petear iepen te hâlden en elk te stimulearjen om harren kennis en ûnderfiningen te dielen. 

Kultureel perspektyf op taalûntwikkeling
Wurdsnack is sa ynrjochte dat alle bern meidwaan kinne. De bern meitsje yn groepkes in einprodukt dat tentoansteld wurde kin, en de petearen soargje foar mear begrip en kennis oer inoars kulturele eftergrûn.

Training?

Trening en kennis foarôf is net nedich. Yn de hantlieding stiet in folsleine útlis oer fasen fan de les en in stap foar stap útlis fan de ynfolling en weromkeppeling. De lessen binne komplete produkten, mar net allesomfiemjend. Ferdjipping en eigen tafoeging lykas it ynbêdzjen yn ûndersykjend learen binnen in tema is tige oan te rieden. It stiet elkenien frij om de lessen nei eigen ynsjoch te feroarjen of út te wreidzjen. Foar mear ynformaasje, stipe en ynspiraasje kin kontakt opnommen wurde.

Kontaktpersoan

Profielfoto-IMO

Sigrid Kingma

sigrid.kingma1@nhlstenden.com

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?