children-g7bbb5b502_1920

Mûnlinge observaasje | GRIP

Yn GRIP binne ferskate observaasje en evaluaasje-ynstruminten ûntwikkele. De mûnlinge observaasje ynstruminten binne makke om de mûnlinge taalfeardigens fan bern yn it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis formatyf te evaluearjen en te folgjen. 

We brûke taal yn alderhande situaasjes, om dingen te fertellen of dúdlik te meitsjen. Foar de ferskate relevante genres dy’t yn it ûnderwiis foarkomme, binne observaasje ynstruminten ûntwikkele. Tink oan: mûnling betooch, mûnlinge presintaasje en diskusje. Der binne sawol ynstruminten foar de learaar as selsevaluaasje-ynstruminten foar de bern om ynsjoch te krijen yn harren eigen taalûntwikkeling. 

Mei de observaasje-ynstruminten foar mûnlinge taalfeardigens wurdt it foar leararen ienfâldiger om de fuortgong fan harren bern yn byld te bringen. De ynstruminten kinne ynset wurde yn it ramt fan meartalige ûntwikkeling, foar Frysk, Nederlânsk en eventueel foar oare talen. Bern kinne ek sels har mûnlinge taalfeardigens yn kaart bringe. 

Hjirûnder stiet in hantlieding foar de learaar mei ynformaasje hoe’t der mei de ynstruminten wurke wurde kin. Fierder binne de ynstruminten foar de ferskate genres del te heljen. In oantal ynstruminten is bedoeld foar de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis, de oare ynstruminten kinne sawol ynset wurde yn de midden- as yn de boppebou fan it primêr ûnderwiis en yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Foar de midden- en boppebou fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis binne ek observaasje ynstruminten foar de bern beskikber. Hjirfoar is ek in hânrikking foar de learaar beskikber.

Foar de learaar

Foar de learling (selsevaluaasje)

Foar de learling (selsevaluaasje)

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf as kontekst
By GRIP – Mûnlinge observaasje

Dialogysk perspektyf op learen en taalûntwikkeling
By GRIP – Mûnlinge observaasje

Kultureel perspektyf op taalûntwikkeling
GRIP – Mûnlinge observaasje

Training?

De hantlieding jout foldwaande ynformaasje om mei de observaasje-ynstruminten oan ‘e slach te gean. Mochten der al fragen wêze, nim dan kontakt op mei ûndersteande kontaktpersoan of folje it kontaktformulier yn, dan nimme wy kontakt op.

Kontaktpersoan

Profielfoto-IMO

Maaike Pulles

maaike.pulles@nhlstenden.com

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?