
Praat mar Toaniel - Jungleboek
The Jungle Book en The Second Jungle Book binne Ingelske boeken út 1894 en 1895, skreaun troch Rudyard Kipling. De boeken binne mear as hûndert jier lyn skreaun, mar dochs noch altyd hiel bekend. Yn in protte ferhalen út dy beide boeken is de belangrykste rol foar Mowgli, it wolvebern. Dy belibbet yn de jungle mei bisten as Akela en Raksha (beide wolven), mei Bagheera (de swarte panter) en Baloe (de bear) in protte aventoeren. Syn grutte fijân is ShereKhan (de tiger), dy’t it op syn libben fersjoen hat. Dizze aventoeren binne ek al faak ferfilme. En no ek dit Fryske toanielstik Jungleboek foar op skoalle.
Dit Fryske toanielstik giet ek oer Mowgli en syn aventoeren. Der binne acht sênes út it stik Jungleboek. By al dy sênes stean de rollen dy’t dêr yn sitte. Achter de nammen stiet hoefolle teksten by de rol hearre. De drege wurden binne ûnderstreke en steane nei sêne 8 op alfabetyske folchoarder per sêne yn in wurdlist.
Hjirûnder fynst in filmke om ynspiraasje op te dwaan, mar op Youtube stean fansels noch folle mear prachtige foarbylden ast sikest op Junglebook. Dêrneist fynst hjirûnder allegear ferskes dy’tst brûke kinst om it toanielstik noch mear fleur te jaan. Meitsje jim brûk fan Spoar 8? Ek dêryn fynst in projekt dat oanslút by dit toanielboekje!
Ferskes by Jungle Boek (skreaun troch Peter Sijbenga)
1. Sêne 1. Aventoer!
2. Sêne 3. Gierenliet
3. Sêne 4. No!
4. Sêne 5. Gûle as in wolf
5. Sêne 8. Dwers troch de jungle
Ekstra 1. Apedûns
Ekstra 2. Jungledûns
Contactpersoon

Lorem ipsum dolor sit amet
Lorem ipsum dolor sit amet
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam