Afbeelding8 Keunstryk 1

Keunstryk

Keunstryk bringt oansprekkend (meartalich) taalûnderwiis en goede kultuereduakaasje op ynspirearjende wize gear. Skoallen dy’t foar Keunstryk kieze, kieze foar in iepen proses, wêryn’t mei-inoar leare, ûntdekke en meitsje sintraal stiet. De fraach wêr’t de skoalle oan wurkje wol stiet fêst. De útkomst net.

Keunstryk lient har foar it ynsetten fan in ferskaat oan keunstdissiplinen en talige útwurkingen. Bern ûntdekke troch it folgjen fan kreative tinkprosessen – ferkenne, ferbyldzje en fiele, helder tinke en meitsje – hoe’t se harren eigen ferhaal of gedicht opbouwe kinne. Se tinke nei oer wat se fertelle wolle en hoe’t se harren ferhaal of gedicht yndiele én diele kinne. Tink bygelyks oan it mienskiplik skriuwen fan in ferhaal oan ‘e hân fan in reade tried en it byldzjend útwurkjen fan dit ferhaal, mar bern kinne ek oan de slach mei in gedicht dat se dêrnei foardrage op film. 

In Keunstryk is dus altyd ferbûn mei de leefomjouwing fan de bern en ûntstiet yn ko-kreaasje fan skoalle, leararen, keunstner en taalsaakkundige. Der binne trije basisûntwerpen: Kreatyf skriuwe, filosofearje en folksferhalen. Mar skoallen kinne ek mei it begeliedingsteam in hiel eigen ûntwerp opstelle.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf
By Keunstryk wurde de oanwêzige taaleftergrûnen foarôf ynventarisearre en oanmoedige om te brûken; taalkeunst of keunsttaal.

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
Yn in Keunstryk is romte foar ynteraksje, ûndersyk en ferbylding. Bern tinke mei inoar nei oer de omjouwing en ferhalen en meitsje nije ferhalen yn ferskate (keunst)talen. By Keunstryk lêze, skriuwe en brûke bern teksten as utering fan in kreatyf proses.

Undersykjend learen
Yn in Keunstryk wurkje keunstners mei bern. Der is romte om te boartsjen, ûndersykjen en eksperimintearjen mei taal. Sa meitsje de bern harren eigen ferhaal, keustwurk of presintaasje.

Training?

Keunstryk soarget foar alle yngrediïnten om goed taalûnderwiis en goed kultuerûnderwiis te ferbinen. De praktyske ynstruminten, de keunstner en de eksperts foar it meitsjen fan in ûntwerp passend by de skoalle wurdt regele nei it oanmelden. Foarôfgeand oan de útfiering is der in training oer prosesrjochte wurkjen. De learaar(en) en keunstner fiere it projekt dêrnei yn ko-kreaasje út. 

Kontaktpersoan

Profielfoto-IMO

Anja Morsink

anja.morsink@nhlstenden.com

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?