
Lêsfeardigens
It goed en mei begryp lêzen is in wichtige feardigens om diel nimme te kinnen oan de tsjintwurdige maatskippij. Net om ‘e nocht wurdt der op skoallen én yn de media in soad omtinken jûn oan lêsfeardigens. En dochs… lêze is eins de útkomst fan in som dêr’t kennis fan de wrâld, rike autentike teksten, lêsmotivaasje én it kommen ta learsume petearen net te ûnderskatten komponinten binne. Hoe fetsje jim it lêzen op? As in op himsels steand taaldomein of as in taaldomein dat krekt yn gearhing mei oare taaldomeinen en fakken krêftiger wurdt?
De konseptualisearjende funksje fan taal wurdt faak net bewust ynset op skoallen. Benammen it mei-inoar yn petear gean en it gearwurkjen oan in skriuwopdracht oer de lêzen teksten ferdjippet it grip krije op de ynhâld fan dy teksten (Van Koeven & Smits, 2021; Ros e.o., 2021). Ek it dialogyske lêzen heart yn dit rychje thús: wat makket gearlêsaktiviteiten sa learsum? Hjir kinst der alles oer lêze.
Hoe biede jim it lêsûnderwiis oan? Witst wat yn dyn eigen ûnderwiis fan boppesteande? Hoe jouwe jim foarm oan dit gegeven? Passe boppesteande ideeën by de wurkwize fan dyn skoalle?
Dêrneist ûntdekke wy ek hieltyd mear hoe wichtich it is dat learlingen langere tiid lêze oer itselde ûnderwerp, fansels út alderhande ferskillende soarten teksten (Cori-oanpak: Guthrie e.o., 2007), dat is bygelyks útwurke yn de oanpak ‘Focus op Begrip’ (Van Koeven & Smits, 2021). Ut dy oanpak docht al bliken hoe wichtich it is dat wy it by lêzen net mear hawwe oer strategyen, mar dat de ynhâld sintraal stean moat. De nije konseptkearndoelen Nederlânsk oer literatuer slute hjir prachtich by oan: literêre petearen of, mei oare wurden, it praten oer lêzen boeken, teksten, gedichten mei de ‘Vertel eens’ oanpak út it gedachtegoed fan Chambers (2012) mei wer, moat sels! Sjoch ek it filmke hjirûnder. Hat dyn skoalle in lêskonsulint (dbos)? Dan kinst dêr ynformearje nei de mooglikheden! Freegje ek ris nei de mooglikheden foar it Frysk en meartalige boeken, want ek yn it lêsûnderwiis kin en mei noch folle mear romte makke wurde foar de thústalen fan alle learlingen! Of doch mei oan Lêze om te Learen.
Literatuer
Understeand fynst in list dokuminten dy’t dy op ‘en paad helpe kinne mei it boeiend, fariearre en deugdlik foarmjaan oan it hiele lêsûnderwiis op dyn skoalle. Troch op de titels te klikken komst by in webside of pdf-ferzje fan it artikel.
Caeyers, E. (2024, 29 oktober). Exploratief spreken versterkt tekstbegrip.
Chall, J.S., Jacobs, V.A. & Baldwin, L.E. (1990/2021). Werken aan woordenschat. In A. van Gelderen, K. de Glopper, R. van Steensel & M. Marreveld (red.). Leer ze lezen, praktische tips uit onderzoek voor leraren basisonderwijs (pp. 66-70). Meppel: Ten Brink Uitgevers.
Chambers, A. (2012). Leespraat. Leidschendam: NBD Biblion.
Cornelissen, G. (2019). Literaire gesprekken in de klas. Amsterdam: Stichting Lezen.
Guthrie, J.T., McRae, A. & Klauda, S.L. (2007). Contributions of Concept-Oriented Reading Instruction to Knowledge About Interventions for Motivations in Reading. Educational Psychologist, 42. 237-250.
Hajer, M. & Meestringa, T. (2022). Taalsteun: meer dan een grabbelton. Tijdschrift Taal voor Opleiders en Onderwijsadviseurs, 12(22), 23-31. Enschede: SLO.
Oosterloo, A. (2015). Over boeken gesproken. Amsterdam: Stichting Lezen.
Pulles, M. (2023, 11 oktober). Dialogisch lezen in de klas (1): Praten over begrip van tekst.
Ros, B., Van Gelderen, A., De Glopper, K., & Van Steensel, R. (2021). Leer ze lezen, praktische tips uit onderzoek voor leraren basisonderwijs. Meppel: Ten Brink Uitgevers.
Van der Hoeven, J., Kooiker-Den Boer, H., Van den Bergh, H. & Evers-Vermeul, J. (2022). Combineren van lees- en schrijfonderwijs loont. In: R. van Steensel & T. Houtveen (red.). De zeven pijlers van onderwijs in begrijpend lezen. Stichting lezen, deel 35 (pp. 129-146). Utrecht: Eburon.
Van Gelderen, A. (2012). ‘Basisvaardigheden’ en het onderwijs in lezen en schrijven. Levende Talen Tijdschrift, 13(1), 3-15.
Van Koeven, E. & Smits, A. (2021). Rijke taal. Taaldidactiek voor het basisonderwijs. Amsterdam: Boom.
Van Steensel R., & Houtveen, T. (2020). De vele kanten van leesbegrip; Verslag van een literatuurstudie naar kernelementen van effectief onderwijs in begrijpend lezen. Levende Talen Tijdschrift, 21(3), 3-12.
Filmkes
Understeande tegels bringt dy by ynspirearjende filmkes.
Ek nijsgjirrich:
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam