TF2030 PU Frysk lêze boppebou 3

Lêsryk

Lêsryk is in kursus dy’t de learaar kennis bringt fan goede Fryske berneboeken en ferhalen. De learaar wit Fryske berneboeken en ferhalen yn te setten by wrâldoriïntaasje en keunst- en kultueredukaasje.

Leararen brûke Fryske berneboeken en ferhalen en dêrtroch belibje de bern wille oan boeken en ferhalen. Dit kin in positive bydrage leverje oan it learen fan de Fryske taal en kultuer. Nei de kursus kinne leararen sels betinke hoe’t se (Fryske) boeken yn harren eigen ûnderwiispraktyk ynsette kinne. Om te lêzen, mar ek om taal te learen, kreatyf te ferwurkjen of saakfakken te ferdjipjen. Berneboeken wurde ynset om learynhâlden en taal te belibjen en te learen (ynhâldsdoelen en taaldoelen). 

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf
Fryske boeken foarmje de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean foar learen en learen fan taal.

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
By Lêsryk is ynteraksje in wichtich ûnderdiel. De bern prate oer de boeken en de tema’s út de boeken. De boeken foarmje in boarne foar learen en it learen fan de taal; praten, lústerjen, lêzen, skriuwen en belibjen.  

Undersykjend learen
De bern ûndersykje mei inoar it tema út in boek troch deroer te lêzen, te praten, te skriuwen en kreatyf te belibjen. Troch fragen te stellen, te filosofearjen, mei inoar yn petear te gean, te skriuwen oer en it ferbyldzjen mei kreative aktiviteiten, komt it tema tichteby de bern.

Training?

Lêsryk is in neiskoalling yn it ramt fan Taalplan Frysk. Yn dizze kursus stiet jongereinliteratuer sintraal. De kursus sil plak hawwe op 14 maart, 11 april, 16 maaie en 13 juny tusken 15.30-17.30 oere. De kursus fynt plak by NHL Stenden Hogeschool, Rengerslaan 10 yn Ljouwert. Oanmelde kin troch in mail te stjoeren nei ûndersteande kontaktpersoanen of it ynfoljen fan it kontaktformulier.

Kontaktpersoanen

Profielfoto-IMO

Liesbeth de Boer

liesbeth.de.boer@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Tjitske van Dijk

tjitske.vandijk@afuk.frl

Profielfoto-IMO

Anja Morsink

anja.morsink@nhlstenden.com

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?