leze om te leren; oorlog of vrede

Lêze om te learen - Tema Oarloch en Frede

Lêze om te Learen is intematyskeoanpakfan lêsûnderwiis, bedoeld foar de midden- en boppenbou fan it primêr ûnderwiis.

In tekstpakket bestiet út in set tematysk relatearre rike teksten dy’tlearlingen by foarkaryn groepkes lêze en beprate. De hânrikking jout in grut ferskaat oan mooglikheden om de teksten yn te setten en te keppeljen oan bygelyks wrâldoriïntaasje, mûnlinge feardigens, skriuwen en ûndersykjen.

Hjirûnder stiet it tema Oarloch en Frede foar de boppenbou mei de hânrikking foar it wurkjen mei de teksten.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartaligens: alle yn de klasse oanwêzige talen foarmje in boarne fan learen en jouwe rjochting oan de wize hoe’t it taalûnderwiis ynrjochte is. Dat betsjut dat, hoewol’t de inisjele teksten Frysktalich binne, learlingen sels kieze yn hokker talen oft se oerlizze, harren ûndersyk opsette of fierder sykje nei mear ynformaasje yn oare boarnen.
Dialooch: It wurkjen fan teksten hat plak yn groepsferbân. Dat pakke learlingen op sûnder stjoerende yntervinsje fan de learaar. Sa komt de eksplorative ynteraksje tusken learlingen ta stân. De taak fan de learaar is dan om, troch middel fan dialooch en te wizen op hulpfragen, learlingen dy’t fêstrinne wer fierder te helpen.
Kultureel: It learen komt ta stân trochdat learlingen mei-inoar bepale wêr’t se mear oer witte wolle en hoe’t se dat fierder útsykje sille. Sa wurkje se op harren eigen nivo en yn gearwurking oan kenniskonstruksje oer in foar harren relevant fraachstik. De lessen liede ta bliuwende feroaring yn de klasse; learlingen leare om rekken te hâlden mei inoars ynteresses en feardichheden.

Training?

Oplevere tekstpakketten kinne troch alle skoallen selsstandich brûkt wurde. It stiet leararen frij om sles in tekstpakket gear te stallen út ferskillende beskikbere teksten om sa it oanbod optimaal oanslute te litten by in tema. Begelieding op lokaasje of mear ynformaasje oer ûndersykjend learen en meartalich wurkjen is beskikber yn oerlis.

Kontaktpersoan

Profielfoto-IMO

Kontaktpersoan

jolanda.verhoef@nhlstenden.com

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam