LET OP: Door een interne fout moet de lezer op de Friese vlag drukken (rechts bovenin) om de Nederlandse vertaling te zien en visa versa

Masterclass By ús thús!
De Masterclass By ús thús! slút oan by it tema fan de lanlike Kinderboekenweek 2023 en is bedoeld foar alle groepen yn it primêr ûnderwiis. Fryske berneboeken mei it tema ‘By ús thús’ foarmje de basis foar ynspirearjende aktiviteiten wêrby’t de Fryske taal en meartaligens stimulearre wurdt.
Yn de Masterclass ûnderfine de leararen sels de aktiviteiten yn wurkwinkels troch ynspirearjende, meartalige wurkfoarmen. Der wurdt ûnderskied makke tusken ûnder-, midden- en boppebou. Nei ôfrin fan de Masterclass kriget elk in magazine wêryn in skat oan lesideeën foar elke bou te finen is. Dit kear binne de aktiviteiten makke oan ‘e hân fan in verhalend ontwerp by elk boek. Wy hawwe de kar makke foar ûndersteande boeken:
*Foar de ûnderbou: Buorman Brombear van Ciara Flood
*Foar de middenbou: Abe en de Aardichman van Thialda Hoogeveen
*Foar de boppebou: Lampke van Annet Schaap
Nei ôfrin fan de folge workshop op de Masterclass krijt elk it oanbelangjende boek hielendal fergees.
De ynspirearjende masterclass fynt op woansdeitemiddei 13 septimber plak tusken 15.00 en 17.00 oere op NHL Stenden Hogeschool, Rengerslaan 10 Ljouwert.
Yn it foar opjaan is hjirby in betingst, slutingsdatum is 20 juny. Fol is fol!
Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
Meartalich perspektyf as kontekst
By de Masterclass Gi-ga-groen foarmje de Fryske berneboeken, teksten en gedichten dy’t brûkt wurde en oanslute by it tema in basis foar learen en it learen fan it Frysk. Oare oanwêzige talen wurde ek sjoen as boarne foar learen.
Dialogysk perspektyf op learen en taalûntwikkeling
By de Masterclass Gi-ga-groen wurde leararen ynspirearre om de dialooch as didaktyske wurkfoarm yn te setten by de ferskate aktiviteiten rûnom Fryske berneboeken. Neist de dialooch is der ek plak foar it harkjen nei en it lêzen, skriuwen en belibjen fan talen en ferhalen.
Kultureel perspektyf op taalûntwikkeling
De ûnderdielen fan de Masterclass Gi-ga groen slute oan by it tema fan de lanlike Kinderboekenweek 2022. Mei de meartalige aktiviteiten kinne leararen de bern út harren klasse stimulearje om yn de wrâld fan de haadpersoanen út de Fryske berneboeken te stappen.
Training?
Alle jierren wurdt in masterclass rûnom de lanlike Kinderboekenweek en it tema dêrfan organisearre. De ferskate aktiviteiten dy’t yn de Masterclass oan de oarder komme slúte oan by besteande aktiviteiten fan Ynspirearjend Meartalig Underwiis. Ek binne der mooglikheden om kursussen te folgjen by de ferskate ûnderdielen dy’t yn de Masterclass oan de oarder komme.
Kontaktpersoan

Jolanda Verhoef
jolanda.verhoef@nhlstenden.com
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam