
Masterclass By ús thús
De earste wike fan oktober is de lanlike Kinderboekenweek. YMU fersoarget alle jierren in Masterclass Berneboekewike dy’t oanslút by it lanlike tema.Fryske boeken foarmje de basis om op in kreative wize mei it Frysk, Biltsk of Stellingwerfsk oan de slach te gean.
Yn de Masterclass ûnderfine leararen sels de aktiviteit yn workshops troch ynspirearjende meartalige wurkfoarmen. Der wurdt ûnderskied makke tusken ûnder-, midden- en boppebou. Nei ôfrin fan de Masterclass krijt elkenien in magazine dêr’t in skat oan lêsideeën foar elke bou te finen is.
Yn 2023 stie it tema By ús thús sintraal. Der binne aktiviteiten makke oan ‘e hân fan in ‘verhalend ontwerp’ by trije boeken:
- Underbou: Buorman Brombear fan Ciara Flood
- Middenbou: Abe en de Aardichman fan Thialda Hoogeveen
- Boppebou: Lampke fan Annet Schaap
Hjirûnder binne de magazines mei de aktiviteiten per bou del te heljen. Boppedat fynst hjir in magazine mei rike teksten út it projekt Lêze om te Learen oer it tema Wenje dy’tst brûke kinst as ekstra ferrikking yn de Berneboekewike.
Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
Meartalich perspektyf as kontekst
By de Masterclass foarmje de Fryske berneboeken, teksten en gedichten dy’t brûkt wurde en oanslute by it tema in basis foar learen en it learen fan it Frysk. Oare oanwêzige talen wurde ek sjoen as boarne foar learen.
Dialogysk perspektyf op learen en taalûntwikkeling
By de Masterclass wurde leararen ynspirearre om de dialooch as didaktyske wurkfoarm yn te setten by de ferskate aktiviteiten rûnom Fryske berneboeken. Neist de dialooch is der ek plak foar it harkjen nei en it lêzen, skriuwen en belibjen fan talen en ferhalen.
Kultureel perspektyf op taalûntwikkeling
De ûnderdielen fan de Masterclass slute oan by it tema fan de lanlike Kinderboekenweek. Mei de meartalige aktiviteiten kinne leararen de bern út harren klasse stimulearje om yn de wrâld fan de haadpersoanen út de Fryske berneboeken te stappen.
Training?
Alle jierren wurdt in masterclass rûnom de lanlike Kinderboekenweek en it tema dêrfan organisearre. De ferskate aktiviteiten dy’t yn de Masterclass oan de oarder komme slúte oan by besteande aktiviteiten fan Ynspirearjend Meartalig Underwiis. Ek binne der mooglikheden om kursussen te folgjen by de ferskate ûnderdielen dy’t yn de Masterclass oan de oarder komme.
Kontaktpersoan

Jolanda Verhoef
jolanda.verhoef@nhlstenden.com
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam