TF2030 PU Skriuwe mei kryt skoalplein 1

Meartalige Taalrûnte

De Meartalige Taalrûnte wurket fanút natuerlike gebrûksituaasjes op in betsjuttende, ynspirearjende wize oan taal en taalûntwikkeling.
 
Learkrêften wurde ferrast troch de resultaten omdat (sa goed as) elk bern entûsjast ta skriuwen komt! De Meartalige Taalrûnte besteget omtinken oan alle domeinen fan taal. It lient him by útstek om Frysk en meartaligens ta te passen. Derneist is it in sosjaal proses dêr’t alle bern oan diel nimme kinne. De meartalige Taalrûnte start by de ûnderfinings fan learlingen om te kommen ta ferhalen. It wurket praktysk en stapsgewiis ta it skriuwen fan teksten en soarget foar taalbere lessen. De Meartalige Taalrûnte is basearre op de oanpak fan Suzanne van Norden en fan Stichting Taalvorming.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf as kontekst
By de Meartalige Taalrûnte foarmje alle yn ’e klasse oanwêzige talen in boarne fan learen. By de taalrûnte komme de 4 taaldomeinen oan bar, der kin in karre makke wurde foar in taal by elk taaldomein.

Dialogysk perspektyf op learen en taalûntwikkeling
By de Meartalige Taalrûnte is ynteraksje in wichtich ûnderdiel. De bern prate oer ûnderfiningen by ferskate ûnderwerpen. De ûnderfiningen foarmje in boarne foar it skriuwen fan teksten. It besprekken fan de teksten is nedich foar it moaier en riker meitsjen fan de teksten.

Kultureel perspektyf op taalûntwikkeling
By de Meartalige Taalrûnte stiet de eigen ûnderfining fan de bern sintraal wêrby ‘t de direkte omjouwing fan it bern de ynspiraasje en de oanlieding foar de taalaktiviteiten wêze kin.

Training?

By de Meartalige Taalrûnte is in ferdjippingskursus opset besteande út trije gearkomsten. De kursusmiddeis binne fan 15.00-17.00 oere op de folgjende dagen:

3 oktober 2022
7 novimber 2022
28 novimber 2022

Graach opjaan by ien fan de ûndersteande kontaktpersoanen.

Contactpersonen

Profielfoto-IMO

Klarinske de Roos

klarinske.de.roos@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Liesbeth de Boer

liesbeth.de.boer@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Tjitske van Akker

t.vanakker@cedin.nl

Meer lezen: uitgebreide informatie/onderbouwing, link naar artikelen, …

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Aanmelden