Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalige Taalrûnte

De learlingen fan groep 4 sitte yn in rûnte. De learkrêft freget harren: “Wat hasto wolris út de brievebus helle?”

Jarno antwurdet: “De krante.” Karin seit: “Een brief.” En Piter fertelt: “In kaartsje.” Alle learlingen neame wat op. Dêrnei freget de learkrêft troch: “Fan wa wie dat kaartsje? Foar wa? En wêrom hiest dat krigen?”

Twa by twa prate de learlingen yn it Frysk fierder oer in bysûndere brief of in moai kaartsje dat se krigen hawwe. Dêrnei skriuwe se der in koart ferhaaltsje oer. Se bepale sels oft se it yn it Hollânsk of it Frysk skriuwe. It giet hjirby benammen om it ferhaal. De stavering is noch net wichtich.

Besjoch ús filmke

Belibbingswrâld fan bern sintraal

By de didaktyk fan de Taalronde (Van Norden, 2018) stiet de belibbingswrâld fan de bern sintraal. Wat hâldt har dwaande? Wat meitsje se mei? Wat wolle se witte? Kearnaktiviteiten binne it mei-inoar praten, sawol yn de rûnte as twa by twa by it skriuwen fan teksten.

Jonge bern dy’t noch net skriuwe kinne meitsje in taaltekening: sy fertelle yn de rûnte oer har ûnderfiningen. Ien dêrfan tekenje se sa krekt mooglik. Dêrnei fertelle se har ûnderfining op ‘e nij oan de learkrêft mei de tekening derby. De learkrêft skriuwt (parten fan) it ferhaal by de tekening en lêst hieltyd lûdop foar wat er skriuwt (boarne: Taal leren op eigen kracht (Suzanne van Norden). Troch it meitsjen fan in taaltekening krije de learlingen besef fan de gearhing tusken de ûnderfining sa as sy dy har yn ’t sin bringe kinne, de tekening en de tekst by de tekening.

Yn de midden- en boppebou skriuwe learlingen ferskate tekstsoarten, sa as in nijsberjocht, in gedicht of in ynstruksje. As learkrêft bepraatst de teksten klassikaal en der binne revisyrûntes. Sa kinst op in betsjuttingsfolle wize de feardichheden fan learlingen yn alle domeinen ûntwikkelje.

taalronde-voorbeeld-tekening
taalronde-voorbeeld-tekening2

DE MEARTALIGE TAALRUNTE YN IT KOART

De Meartalige Taalrûnte:

  • Besteget omtinken oan alle domeinen fan taal: harkje, prate, lêze en skriuwen is in sosjaal proses dêr’t alle bern oan meidwaan kinne;
  • Begjint by de ûnderfiningen fan learlingen om te kommen ta ferhalen;
  • Ferrint praktysk en yn stappen;
  • Soarget foar libbene en taalrike meartalige lessen.
kleine-kippie

LEARKREFTEN OER DE MEARTALIGE  TAALRUNTE

“Mijn leerlingen kunnen niet meer stoppen met schrijven, ze zijn zo enthousiast!”

“De leerlingen gebruiken steeds rijkere taal.”

“De leerlingen worden zich bewust van hun meertaligheid.”

“De leerlingen vinden het prettig dat ze hun eigen taal mogen gebruiken.”

“De leerling durft in het Fries te schrijven.”

… EN OER DE OPBRINGSTEN FAN DE TAALRUNTE

“Je ziet dat de leerlingen steeds betere vragen aan elkaar stellen tijdens het tweetalgesprek.”

“Leerlingen hebben veel meer begrip gekregen voor hun klasgenootje nu hij de tekst heeft voorgelezen over kerst in zijn eigen land. Hij las het ook voor in zijn eigen taal, daar waren de klasgenootjes van onder de indruk.”

“De leerling vertelde over zijn taaltekening, klasgenootjes stelden vragen en toen bedacht hij dat zijn tekening nog niet af was.”

BEGELIEDING

Us begelieding bestiet út gearkomsten en as dat nedich is út observaasjes yn de klasse. Alle trajekten begjinne mei útlis oer de Taalrûnte. Dêrnei ûndersykje wy hoe’t de Taalrûnte ynset wurde kin yn de meartalige kontekst. As learkrêft makkest by elke Taalrûnte taalkeuzes: slútst dy oan by de thústaal fan de bern? Of daachst har út in taal te brûken dy’t foar har net sa foar de hân leit? Oan hokker taaldoelen wolsto wurkje? Yn hokker taal? By alle gearkomsten wurdt in Taalrûnte mei-inoar taret en reflektearje wy op de Taalrûnte dy’t jûn is. Sa wurdst as learkrêft hieltyd mear betûft yn de stappen fan de Taalrûnte en hoe’tst dy meartalich ynsetst.

Mei de Meartalige Taalrûnte giest op in leechdrompelige- en kreative manier oan de slach mei meartalich ûnderwiis.

UT DE PRAKTYK: DE TAALRUNTE OP KBS DE GEARING YN IE

Op KBS De Gearing yn Ie fersoargen alle learkrêften in Meartalige Taalrûnte om it tema “De wrâld om dy hinne”. De learlingen fan groep 3 makken in taaltekening oer de postboade. Se fertelden deroer en de learkrêft skreau it ferhaaltsje yn it Frysk by de tekening. Yn de middenbou gongen de learlingen oan de gong mei erfaringsteksten (“fûnst sels wol ris wat yn de brievebus?”) en oare sjenres sa as in stappeplan (“hoe sjocht de dei fan de postboade der út?”). Yn de boppebou begûnen de bern mei in mindmap fol Ingelsktalige begripen oer media en nijs.

Kontaktpersoanen foar dit projekt