Praat mar Toaniel - Meester Jaap en Grutte Pier
Yn de boeken oer Meester Jaap fan Jacques Vriens belibbet Meester Jaap in hiel soad mei syn learlingen. Der falt altyd wat te laitsjen mei Meester Jaap. Hy stiet no foar de klasse yn Fryslân, mar meester Jaap kin net sa goed Frysk prate en eins ek net sa goed ferstean. Dat soarget foar grappige situaasjes. Wannear’t in kear mis giet, beslút meester Jaap dat hy de Fryske taal machtich wurde wol. Dit giet him net altiten maklik ôf, mar syn learlingen helpe him der graach by. It ferhaal fan Grutte Pier komt ek om ‘e hoeke sjen om meester Jaap in hantsje te helpen.
Der binne njoggen sênes út it stik Meester Jaap en Grutte Pier. By al dy sênes stean de rollen dy’t dêr yn sitte. Achter de nammen stiet hoefolle teksten by de rol hearre. De drege wurden binne ûnderstreke en steane nei elke sêne op alfabetyske folchoarder yn in wurdlist.
Der binne genôch moaie ferhalen oer Grutte Pier te finen. Hjirûnder stiet in filmke oer Grutte Pier út De Kanon fan de Fryske Skiednis.
Ferwurking haadstik 9
- Skriuw ien punt op oer Grutte Pier datsto goed fan him fynst.
- Skriuw ek ien punt op datsto net goed fan him fynst.
- Ast beide dingen opskreaun hast, ferlikest dyn beide punten mei dy fan dyn buorman of buorfrou.
- Ha jimme deselde punten of is der ferskil?
Ferskes by Oz
1. Sêne 1. Wa is hjir in freon?
2. Sêne 2. Fûgelskrik, Blikjeman en Leffe Liuw
3. Sêne 2. Wat is Oz?
4. Sêne 3. Net sa hurd
5. Sêne 4. In hert, in brein en in mingel moed
6. Sêne 5. Gouden hoehoehoehoehoed
7. Sêne 5. Walgina
8. Sêne 6. It libben is in trúk
9. Sêne 7. Einliet: In hert, in brein en in mingel moed
Contactpersoon

Lorem ipsum dolor sit amet
Lorem ipsum dolor sit amet
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam