Mondeling - TF2030 PU bûten boartsje 8

Mûnlinge taalfeardigens

Mûnlinge taalfeardigens leit oan ‘e basis fan alle taalûntwikkeling (Van den Branden, 2010). It sels kommen ta taalproduksje (mûnling of skriuwen) is de katalysator ta it ûntwikkeljen fan in goede skriftlike taalfeardigens (lêzen én skriuwen) en is beslissend foar it sukses fan learlingen op skoalle en yn de maatskippij. Net om ‘e nocht binne der yn de nije (konsept)kearndoelen Nederlânsk twa kearndoelen opnommen oer ‘ynteraksje’. In goede ûntwikkeling fan de mûnlinge taalfeardigens is krekt ek tige wichtich foar learlingen dy’t út in taalearme eftergrûn wei komme of learlingen mei in oare thústaal. Foar dizze lêste groep is it fan belang dat just ek harren thústaal romte krijt yn it ûnderwiis.

De kwaliteit fan de ynteraksje docht derta! Krekt dêr lizze kânsen om ta kwalitative taalproduksje te kommen. Hoe ferrint de ynteraksje yn de groepen by dy op skoalle? Wa is of binne der foaral oan it wurd? De learaar? De learlingen? Hoefolle sprektiid hawwe de learlingen yn dyn groep werklik? Resint ûndersyk toant oan dat beukers yn in beukergroep deis sa’n 8 tellen (!) de tiid krije om echt sels sinnen te formulearjen en út te sprekken. Hjir kinst der mear oer lêze.

En as der in soad petearen fierd wurde troch de learlingen, binne dit dat eksplorative of mear kompetitive en/of kumulative petearen? Wêrom’t ús foarkar útgiet nei eksplorative petearen kinst hjir lêze.

Binne dyn kollega’s op ‘e hichte fan de ferskate partisipaasjekaders dêr’t petearen in plak yn hawwe kinne en witte se dy bewust yn te setten? Lês ek: Walsweer, 2011.

Boppesteande foarbylden jouwe ek oan dat goede petearen net allinnich wat dogge foar de taalûntwikkeling mar ek foar it learen! Krekt it ûnder wurden bringen fan watst tinkst, it inoar fragen stelle oer wat sein wurdt, set de lear – en begripsprosessen yn wurking (Chambers, 2012). Hoe kinst dit folslein benutte?

Literatuer

Understeand fynst in list dokuminten dy’t dy helpe kinne by it antwurd op boppesteande fragen. Troch op de titels te klikken komst by in webside of pdf-ferzje fan it artikel.

Brouwer, Tj. (2010). Denkgesprekken. Jeugd in School en Wereld, 94(7), 25-28. Tilburg: Uitgeverij Zwijsen. 

Chambers, A. (2012). Leespraat. Leidschendam: NBD Biblion.

Hiddink, F. (2014). Gesprekken tussen leerlingen onderling en gesprekken met de leerkracht: een vergelijking. Tijdschrift Taal voor Opleiders en Onderwijsadviseurs, 5(8), 23-31. Enschede: SLO.

Pols, W. (2015). Dialogisch onderwijs als talentherkenning

Van den Branden, K. (2010). Hoe verloopt taalverwerving? Bijlage bij het Handboek taalbeleid basisonderwijs. Leuven: Acco.

Van der Veen, C., & Van der Wilt, F. (2020). Betere gesprekken met MODEL2TALK: Van ontwerp tot succesvolle interventie. MeerTaal8(1), 4-7.

Van der Veen, C., Van Kruistum, C. & Van Oers, B. (2016). MODEL2TALK. Dialogische gesprekken in de kleuterklas. Beter Begeleiden Magazine, (Januari 2016), 10-13.

Van Laere, M. & De Vries, R. (2018, 25 april). Hoe werk je aan rijke taal in de kleuterklas? Sjoch ek it filmke hjirûnder.

Walsweer, A.P. (2011). Participatie en gezamenlijke kennisconstructie als basis voor (goed) taalonderwijs. Tijdschrift Taal voor Opleiders en Onderwijsadviseurs, 2(3), 45-54. Enschede: SLO.

Willemsen, A. (2020). De ‘open vraag’ als verzamelbegrip: Verschillende typen ‘open vragen’ en hun gevolgen voor klassengesprekken. Tijdschrift Taal voor Opleiders en Onderwijsadviseurs, 11(17), 10-13. Assen: Koninklijke Van Gorcum.

Filmkes

Understeande tegels bring dy by ynspirearjende filmkes.

Training

Mochtst de beskikking hawwe oer E-wise, dan is de kursus ‘Underlinge ynteraksjes befoarderje‘ tige nijsgjirrich!

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam