
Netwurk taalkoördinatoaren yn Fryslân
It ‘Netwerk Taalcoördinatoren in Fryslân’ is yn it kylsok fan de oplieding ta koördinator taal yn 2002 ûntstien. It netwurk biedt ôfstudearre taalkoördinatoaren de mooglikheid om harren bliuwend te profesjonalisearjen en wurdt ek folslein subsidiearre troch de Provinsje Fryslân.
It netwurk wurket as in ‘community of practice’, dêr’t kennis yn dield wurdt en oan ‘e hân fan fragen út de eigen ûnderwiispraktyk mei-inoar nije kennis kreëarre wurdt. De fragen hawwe altyd in relaasje mei talebelied en taalûnderwiis yn in meartalige kontekst.
It Netwerk Taalcoördinatoren in Fryslân stiet foar:
- Taal, taleûnderwiis en talebelied yn de breedste sin fan it wurd. Goed taleûnderwiis wurdt mei klam ferbûn oan Frysk & meartalich ûnderwiis.
- Krityske refleksje en dialooch foarmje de basis fan de aktiviteiten dêr’t konkreet mei wurke wurdt oan it stal jaan oan belied.
- Ynhâldlik liederskip, it coachen en begelieden fan kollega’s is in weromkommend ûnderwerp fan petear binnen de dielnetwurken.
Hieltyd faker dogge professionals ûndersyk yn harren eigen groep of skoalle. Beskate fraachstikken wurde net allinnich ynhâldlik en beliedsmjittich oppakt, mar ek troch systematysk ûndersyk te dwaan. Ien fan de mooglikheden is om as dielnetwurk oan te sluten by bygelyks it lektoraat Meertaligheid & Geletterdheid fan NHL Stenden Hogeschool. Sa kin ferbining lein wurde tusken de praktyske fragen fanút it ûnderwiis en it ûndersyk fan it lektoraat.
It netwurk bestiet út ôfsûnderlike netwurken ferbûn oan bestjoeren, dêrnjonken is der ien iepen regionetwurk aktyf. It is mooglik om in netwurk binnen de eigen organisaasje te starten.
Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei de kontaktpersoanen of folje ûndersteand kontaktformulier yn.
Nijsberjochten
Kontaktpersoan

Klarinske de Roos
klarinske.de.roos@nhlstenden.com
“It krijen fan in byld wat der op oare skoallen yn de omjouwing spilet en dêrfan profitearje troch ûnderfiningen mei elkoar te dielen.”
“Je bliuwe op ‘e hichte fan de nijste ûntwikkelingen, mar je kinne ek sparre mei kollega’s. Of mei-inoar oplûke by ymplemintaasjes.”
“Ryk (yntegrearre) taalûnderwiis en hoe’t dat as gehiel oan te fleanen is yn it basisûnderwiis (minder fragmintarysk). Dêrneist is der ferdjipping oangeande de domeinen: lêzen, mûnlinge taal, skriuwen en meartaligens.”
Voornaam Achternaam