Wat is Ynspirearjend
Meartalich Underwiis?
De wrâld dêr’t wy yn libje is meartalich. Ek yn Fryslân prate wy net allinne Frysk en Nederlânsk, mar ek in soad oare talen. Dy meartalige wrâld freget om in spesifike stipe fan learlingen by it fierder ûntwikkeljen fan harren taalfeardigens.
Ut Ynspirearjend Meartalich Underwiis wei wurkje wy gear mei skoallen oan it ûntwikkeljen én ymplemintearjen fan ynspirearjende wurkwizen en materialen, mei Frysk as sintraal útgongspunt.
Op dizze webside stiet in grut tal ynspirearjende projekten dêr’t elke skoalle oan meidwaan kin!
Foar wa?
Foar alle skoallen (PU en FU) yn de provinsje Fryslân is dielname oan it projekt fergees. It projekt wurdt subsidiearre troch de provinsje Fryslân. Meidwaan oan Ynspirearjend Meartalich Underwiis betsjut datst as skoalle in ympuls joust oan dyn taalûnderwiis en dêrmei wurkest oan it taalprofyl fan dyn skoalle.
Teamlieders
Teamlieders Ynspirearjend Meartalich Underwiis:

Albert Walsweer
Bysûnder lektoraat Fryske taal en kultuer - NHL Stenden Hogeschool

Bernadet de Jager
Underwiisbegeliedingstsjinst Cedin