
Op 'e strún
Yn juny stiet by Ynspirearjend Meartalich Underwiis erfgoed sintraal. Yn 2024 stie it tema Op ‘e strún sintraal. It projekt begjint mei it finen fan de skatkaart. Dit is de start om der mei-inoar op út te gean om de skatten fan it eigen doarp of stêd te finen.
Skoallen kinne derfoar kieze om Frysk en meartaligens oan te bieden yn trije projekten ferspraat oer it skoaljier: de TT – De Trije Topprojekten. De earste twa projekten, Berneboekewike yn oktober en Poëzijwike yn febrewaris, hawwe itselde tema as de lanlike tema’s. Fryske boeken en gedichten foarmje de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Fryske en streektalen oan de slach te gean. It lêste projekt fan de TT is erfgoed, wêryn’t it Fryske erfgoed sintraal stiet.
Yn 2024 stie it tema Op ‘e strún sintraal. De wike begjint mei it finen fan in skatkaart op it skoalplein, bygelyks yn de sânbak, yn de strúken of op in oar plakje. Der is in skatkaart foar de boppebou (groep 5/8) en in skatkaart foar de ûnderbou (groep 1/4).
Op de skatkaart foar de groepen 5/8 stean trije strúnkaarten. Mei dy strúnkaart yn de hân ûndersykje de bern yn groepkes de omjouwing: de strjitnammen, de huzen, gebouwen en … wat binne de grutte fiif? Neidat se op de strún west ha gean se fragen betinken, antwurden op de fragen sykjen en oan it ein fan de wike presentearje se harren ûndersyk. Dat lêste kin yn de foarm fan in toanielstik, in ferske of in oare kreative presintaasje.
De skatkaart foar de groepen 1/4 is een BINGO-skatkaart. Op dizze kaart stean foto’s fan û.o. gebouwen, strjitten, beammen. Kinne de bern tidens de strúntocht dizze foto’s yn de omjouwing werom fine? Nei de strúntocht feroaret de klasse yn in erfgoedlokaal. Sa feroaret de boartershoek yn in Erfgoedmuseum en hingje yn de bouhoeke foto’s fan gebouwen út de omjouwing dy’t de bern neibouwe kinne.
Hjirûnder fynst alle materialen om de erfgoedwike in sukses te meitsjen.
Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
Meartalich perspektyf
Yn de Erfgoedwike stiet in tema út de Fryske taal en kultuer sintraal. De aktiviteiten dy’t dien wurde binne de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean.
Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
De aktiviteiten dy’t ûntwikkele binne by it erfgoed tema binne stik foar stik rjochte op de meartalige dialooch. Troch de tematyske wize fan wurkjen, de iepen opdrachten en presintaasjes, wurdt der leard yn in betsjuttingsfolle omjouwing. Bern kinne harren eigen eftergrûn en ûnderfining ynbringe.
Undersykjend learen
De bern ûndersykje mei inoar it tema troch deroer te filosofearjen, stelle fragen en gean mei inoar yn petear. Se gean op ‘e strún yn de eigen omjouwing.
Training?
…
Kontaktpersoanen

Jolanda Verhoef
jolanda.verhoef@nhlstenden.com

Janke Singelsma
janke.singelsma@nhlstenden.com

Elly Attema-Hobma
e.attema@cedin.nl
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Oanmelde of mear witte?

Rûtes
- Frysk en Meartaligens op de kreative middei!
- Frysk en Meartaligens yn projektwiken!
- Frysk en Meartaligens yn de oare skoalfakken!
- Frysk en Meartaligens keppele oan taaldomeinen!
- Trainingen oer YMU projekten en didaktiken!
- Alles witte oer Ynspirearjend Meartalich Underwiis!
- Alles witte as taalkoördinator!