
Oplieding 'Koördinator taal & meartaligens yn it basisûnderwiis'
De oplieding ‘Koördinator taal & meartaligens yn it basisûnderwiis’ is in post-HBO oplieding foar leararen dy’t affiniteit hawwe mei taal en dêr graach op harren eigen skoalle mei oan de slach wolle. It útgongspunt fan de oplieding is dat de dielnimmers foar harren eigen skoalle talebelied ûntwikkelje wêryn’t sawol it Frysk as meartaligens in plak krijt. De oplieding set yn op it fergrutsjen fan de kennis fan goed taleûnderwiis, hoe’t dat oerset wurde kin nei de eigen skoalle (talebelied) en hoe’t kollega’s ynspirearre en coacht wurde kinne. Dit binne de trije ‘pylders’ fan de oplieding.
De oplieding is lanlik sertifisearre en is ferlykber mei de post-HBO oplieding ‘Taalkoördinator’ sa’t dy troch in soad HBO-ynstellings yn Nederlân oanbean wurdt. Op dit stuit wurdt de oplieding folslein subsidiearre troch de Provinsje Fryslân om sa it Frysk goed boargje te kinnen yn it talebeliedsplan.
De oplieding kin incompany oanbean wurde by it meidwaan fan sa’n tsien kursisten. Wannear’t de oplieding in company oanbean wurdt, kin ek rekken holden wurde mei spesifike behoeften of fragen spyljend binnen de oanbelangjende organisaasje.
Sjoch foar mear ynformaasje oer de oplieding de flyer hjirûnder. De oplieding start alle jierren yn prinsipe yn septimber. Oanmelde of mear witte? Nim kontakt op mei de kontaktpersoanen of folje ûndersteand kontaktformulier yn.
Kontaktpersoan

Klarinske de Roos
klarinske.de.roos@nhlstenden.com
“Dat Frysk en meartaligens ek yntegrearre oanbean wurde kinne, wie echt nij foar my. En dat dat dan ek noch in rike taallearsituaasje jout is moai meinommen.”
“Wat ik wurdearje yn de oplieding: Kennis oer taal en meartaligens, stipe dêryn, ûnderfiningen útwikselje, mei-inoar op in heger plan komme.”
“Wurdst hieltyd wer oan it tinken set oer it taalûnderwiis op dyn skoalle.”
Voornaam Achternaam