Oersjoch projekten

  • Groep

  • Taaldomein

  • Vakgebied

  • Kerndoel

Berneboekewike

Oanmelde Masterclass Berneboekewike en meartalige ynspirearjende aktiviteiten rûnom eardere tema’s fan de berneboekewike.

De Inktfluencer

De Inktfluencer is in leechdrompelich poëzyprojekt wêrby’t de Fryske taal en kultuer de ynspiraasje is om gedichten te skriuwen.

Erfgoedwike

Oanmelde foar de erfgoedwike en meartalige ynspirearjende aktiviteiten foar in (Fryske) projektwike.

Fak Taal Formule

De Fak Taal Formule is in kursus dy’t de learaar leart hoe’t it Frysk goed keppele wurde kin oan fakken as wrâldoriïntaasje of boargerskip.

Keunstryk

Keunstryk is in kombinaasje fan goed taalûnderwiis en goed kultuerûnderwiis, wêrby’t kreative tinkprosessen liede ta in ferhaal of gedicht.

Lêsryk

Lêsryk is in kursus dy’t de learaar kennis bringt fan Fryske berneboeken en helpt om dy boeken yn te setten by wrâldoriïntaasje en kultueredukaasje.

Lêze om te learen

Lêze om te Learen is in tematyske oanpak fan lêsûnderwiis, bedoeld foar de midden- en boppenbou fan it primêr ûnderwiis.

Meartalige Taalrûnte

Mei de Meartalige Taalrûnte wurkest op in betsjuttingsfolle, ynspirearjende wize fanút natuerlike brûkerssituaasjes oan taal(ûntwikkeling).

Mûnlinge observaasje | GRIP

GRIP – Mûnlinge observaasje binne ynstruminten foar it formatyf evaluearjen en folgjen fan de ûntwikkeling fan mûnlinge taalfeardigens.