Schrijven-Foto Annemarijke Haaima

Freonskip!

De lêste tongersdei fan jannewaris is it Gedichtedei. Sûnt 2013 betsjut dat ek de start fan de Poëzywike. De Fryske Poëzywike slút oan by it tema fan de lanlike Poëzieweek. It is bedoeld foar alle groepen yn it primêr ûnderwiis. Fryske gedichten foarmje de basis om op in kreative wize mei it Frysk, Biltsk of Stellingwerfsk oan de slach te gean.

Yn 2023 stie it tema Freonskip sintraal. Der binne foar alle bouwen aktiviteiten makke dy’t hjirûnder yn de magazines del te heljen binne. Fierder stean der in oantal prachtige gedichten yn de earegalery dy’t as foarbyld tsjinje kinne.  

Earegalery

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf 
By de Poëzywike foarmje Fryske gedichten de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean.

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
De aktiviteiten dy’t ûntwikkele binne by elk gedicht binne stik foar stik rjochte op de meartalige dialooch. Troch de tematyske wize fan wurkjen, de iepen opdrachten en presintaasjes, wurdt der leard yn in betsjuttingsfolle omjouwing. Bern kinne harren eigen eftergrûn en ûnderfining ynbringe.

Undersykjend learen
De bern ûndersykje mei inoar it tema troch deroer te filosofearjen, stelle fragen en gean mei inoar yn petear oer in gedicht en dogge ûnderfining op mei it skriuwen en ferbetterjen fan teksten en presintaasjes op grûn fan skaaimerken.

Training?

De magazines jouwe hânfetten om mei de gedichten en it Frysk oan de slach te gean. Komst der net út? Dan is in mailtsje of it ynfoljen fan ûndersteande kontaktformulier genôch. Wy nimme dan sa gau mooglik kontakt op om fierder te helpen.

Kontaktpersoanen

Profielfoto-IMO

Liesbeth de Boer

liesbeth.de.boer@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Anja Morsink

anja.morsink@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Janke Singelsma

janke.singelsma@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Jolanda Verhoef

jolanda.verhoef@nhlstenden.com

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?