
Poëzywike - Thús
De lêste tongersdei fan jannewaris is it Gedichtedei. Sûnt 2013 betsjut dat ek de start fan de Poëzijwike. De Fryske Poëzywike slút oan by it tema fan de lanlike Poëzieweek. It is bedoeld foar alle groepen yn it primêr ûnderwiis. Fryske gedichten foarmje de basis om op in kreative wize mei it Frysk, Biltsk of Stellingwerfsk oan de slach te gean.
Alle jierren siket YMÛ wer Fryske gedichten en betinkt ynspirearjende aktiviteiten, passend by it tema fan de lanlike poëzywike. Fansels kinst ek bûten de lanlike poëzywike oan de slach mei dizze aktiviteiten. Hjirûnder komt yn jannewaris it katern mei aktiviteiten te stean.
Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
Meartalich perspektyf as kontekst
By de Fryske Poëzywike foarmje Fryske gedichten dy’t brûkt wurde en oanslute by it tema fan de lanlike poëzywike in basis foar learen en it learen fan it Frysk. Oare oanwêzige talen wurde ek sjoen as boarne foar learen.
Dialogysk perspektyf op learen en taalûntwikkeling
By de Fryske Poëzywike wurde leararen ynspirearre om de dialooch as didaktyske wurkfoarm yn te setten by de ferskate aktiviteiten rûnom Fryske gedichten. Neist de dialooch is der ek plak foar it harkjen nei en it lêzen, skriuwen en belibjen fan talen en ferhalen.
Kultureel perspektyf op taalûntwikkeling
De ûnderdielen fan de Fryske Poëzywike slute oan by it tema fan de lanlike Poëzieweek. Mei de meartalige aktiviteiten kinne leararen de bern út harren klasse stimulearje om yn de wrâld fan de haadpersoanen út de Fryske gedichten te stappen.
Training?
It katern jout hânfetten om mei de gedichten en it Frysk oan de slach te gean. Komst der net út? Dan is in mailtsje of it ynfoljen fan ûndersteande kontaktformulier genôch. Wy nimme dan sa gau mooglik kontakt op om fierder te helpen.
Kontaktpersoan

Janke Singelsma
janke.singelsma@nhlstenden.com
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam