Schrijven-Foto Annemarijke Haaima

Poëzywike

De lêste tongersdei fan jannewaris is it Gedichtedei. De Gedichtedei is ek de start fan de Poëzywike. De Fryske Poëzywike is bedoeld foar alle groepen yn it primêr ûnderwiis. Gedichten yn it Frysk of yn in streektaal foarmje de basis om op in kreative wize mei poëzy en taal oan ’e slach te gean. De Fryske Poëzywike slút oan by it tema fan de lanlike Poëzieweek.

Foar ûnderbou, middenbou en boppebou wurdt in eigen magazine makke, mei ynspirearjende aktiviteiten om gedichten hinne. 

De Poëzywike is it twadde projekt fan de Trije Topprojekten yn it jier. Yn septimber de Masterclass Berneboekewike, yn jannewaris de Poëzywike en yn juny de Erfgoedwike.

It tema yn 2027 is ‘Swiertekrêft’. Wolst hjiroan meidwaan of mear hjiroer witte? Folje dan it ûndersteande formulier yn.

Hjirûnder fynst de tema’s dy’t de ôfrûne jierren sintraal stien ha. 

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf 
By de Poëzywike foarmje Fryske gedichten de basis om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean.

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen
De aktiviteiten dy’t ûntwikkele binne by elk gedicht binne stik foar stik rjochte op de meartalige dialooch. Troch de tematyske wize fan wurkjen, de iepen opdrachten en presintaasjes, wurdt der leard yn in betsjuttingsfolle omjouwing. Bern kinne harren eigen eftergrûn en ûnderfining ynbringe.

Undersykjend learen
De bern ûndersykje mei inoar it tema troch deroer te filosofearjen, stelle fragen en gean mei inoar yn petear oer in gedicht en dogge ûnderfining op mei it skriuwen en ferbetterjen fan teksten en presintaasjes op grûn fan skaaimerken.

Training?

De magazines jouwe hânfetten om mei de gedichten en it Frysk oan de slach te gean. Komst der net út? Dan is in mailtsje of it ynfoljen fan ûndersteande kontaktformulier genôch. Wy nimme dan sa gau mooglik kontakt op om fierder te helpen.

Mear dwaan mei poëzy?

Kontaktpersoanen

Profielfoto-IMO

Tjitske van Dijk

tjitske.van.dijk@nhlstenden.com

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte? - Poëzywike 2027