Striemintsje: In boek!
Plusmintsje: Kinsto dan lêze?
Striemintsje: Fansels kin ik lêze! Ik bin net sa ûnnoazel as dy.
Mintsje: In boek, seit se…
Striemintsje: Net in boek, mar it boek!
Plusmintsje: It boek?
Mintsje: Striemy, do bedoelst dochs net…
Striemintsje: It Grutte Boek fan Spreuken en Geheimen! Dêrt wy noait oankomme meie fan dy stomme suster fan ús. Dat boek bedoel ik, ja.
Robin Hood wurdt sjoen as grutte held! Mar lêst it yn boppesteande dialooch: Dat bliuwt net lang mear sa… Want wat dizze trije heksen yn oplieding dwaan sille mei IT boek…
De muzyk en lietteksten binne skreaun troch Peter Sijbenga.
De teksten fan alle ferskes binne HJIR te finen (PDF)
Robin Hood (sêne 1)
Mei in oar, foar in oar (sêne 2)
Heechacht’ en Nommel (sêne 3)
Wikemerk (sêne 4)
Net gûle Marian (sêne 4)
Bom (sêne 5)
It oare Ryk (sêne 6)
Hyp hyp hoera yn de gloaria (sêne 7)
In kroan heart op in kening (sêne 8)
Elke les ien sêne
* De learkrêft kin de ferwurking ek earst oerslaan en nei it groepslêzen klassikaal beprate
** Ien of twa groepkes presintearje foar de klassegenoaten
Tink dy Tûk! – Meartalige Taalrûnte! – Sjongejonge!
Yn Robin Hood komme ferskate tema’s oan bod dêr’t mei de groep oer praat en skreaun wurde kin. By in alle sênes past ek in ferske (sjoch hjirboppe). Robin Hood stelt fan de riken en jout de bút oan de earmen. Hoe fine jim dat?
Tema’s:
Sêne 1: Earlik en ûnearlik
Sêne 2: Mei elkoar, foar elkoar
Sêne 3: Earm en ryk
Sêne 4: Freonskip