Ynspirearjend Meartalich Underwiis

SAKE

Sake: Menear Wonka, wat gebeurt hjir allegearre?

Wonka: Ah! Ynteresse! Dat mei ’k hearre. Harkje! Yn dizze hal komt de sûkelade as in wetterfal nei ûnderen om luchtich te wurden.

Annigje: En dan?

Wonka: Ah! Do wolst leare! Treflik, famke! De sûkelade falt dêr yn de Grutte Skodder… Kom dêr net te ticht by, der stiet in sterke streaming…

Kasper: Sûkelade! De flibe rint my oer ’t kin.

 

Hoe soe dit ôfrinne? Mei in fabryk fol lekkers?

YNSPIRAASJE FOAR SAKE

  • Mei elkoar prate oer de betsjutting fan toaniel
  • Lústerje nei it liet Suertsje. Hoe tinkt de haadpersoan oer himsels?
  • Bepraat de foarkant fan it toanielboekje. Wêr kin dit wêze?
  • It toanielboekje is ynspirearre op Sjakie en de chocoladefabriek fan Roald Dahl. Besjoch mei elkoar fragminten út de film
  • Bepraat hokker boeken Roald Dahl allegearre noch mear skreaun hat
  • Mei elkoar prate oer streektalen en oare talen
  • In passend dekôr op it digiboard meitsje by in sêne
  • Ynspiraasje opdwaan op de website fan it Berne Iepenloftspul
  • Presintearje foar oare groepen of foar âlden
  • Mei elkoar nije dialogen skriuwe
sake
kleine-kippie

DIDAKTYK

Elke les ien sêne

  • Yn groepkes (of earst klassikaal!) de sênes lêze
  • De rollen ferdiele
  • De sêne lêze en wer lêze
  • De ferwurking dwaan*
  • Presintearje**

* De learkrêft kin de ferwurking ek earst oerslaan en nei it groepslêzen klassikaal beprate
** Ien of twa groepkes presintearje foar de klassegenoaten

DOELEN

  • Wille belibje oan toanielteksten
  • In stap foarút sette yn it Frysk lêzen, praten en skriuwen
  • Elkoar helpe en stypje om Frysk te lêzen, praten en skriuwen
  • Dy yn in rolfiguer ferpleatse kinne

PRINSIPES

  • Dialooch sintraal
  • Learkrêft is coach
  • Learling is coach
  • Troch ynspiraasje komt de motivaasje foar de presintaasje

FERBINING

Tink dy Tûk! – Meartalige Taalrûnte! – Sjongejonge

Yn Sake komme ferskate tema’s oan bod dêr’t mei de groep oer praat en skreaun wurde kin. By guon sênes past ek in ferske (sjoch hjirboppe).

Tema’s:

Sêne 1: Earm en ryk

Sêne 4: Pech en gelok

Sêne 5: (Un)fatsoenlik

Der kin ek in ferbining makke wurde mei oare talen troch in bepaalde rol yn in oare taal of streektaal útfiere te litten.

LEARKRÊFT AS COACH

  • Learlingen stimulearje om Frysk te lêzen, praten en skriuwen
  • Observearje:
    • Doart de learling Frysk te praten?
    • Doart de learling Frysk te lêzen?
    • Doart de learling Frysk te skriuwen?
    • Hokker learlingen wurde coach?

LEARLING AS COACH

  • Elkoar helpe mei it Frysk
  • Elkoar helpe by it spyljen fan in rol
  • Elkoars miening respektearje

Kontaktpersoanen foar dit projekt

gerrit-hoekstra

Gerrit Hoekstra

Foto: Tresoar Haye Bijlstra