Meartalige Taalrûnte

De Meartalige Taalrûnte wurket fanút natuerlike gebrûksituaasjes op in betsjuttende, ynspirearjende wize oan taal en taalûntwikkeling.
 
Leararen wurde ferrast troch de resultaten omdat (sa goed as) elk bern entûsjast ta skriuwen komt! De Meartalige Taalrûnte besteget omtinken oan alle domeinen fan taal. It lient him by útstek om Frysk en meartaligens ta te passen. Derneist is it in sosjaal proses dêr’t alle bern oan diel nimme kinne. De Meartalige Taalrûnte start by de ûnderfinings fan bern om te kommen ta ferhalen. It wurket praktysk en stapsgewiis ta it skriuwen fan teksten en soarget foar taalbere lessen. De Meartalige Taalrûnte is basearre op de oanpak fan Suzanne van Norden en fan Stichting Taalvorming.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Meartalich perspektyf
By de Meartalige Taalrûnte foarmje alle yn ’e klasse oanwêzige talen in boarne fan learen. Yn alle groepen meitsje bern gebrûk fan har eigen thústaal en talen út har direkte omjouwing by it praten oer en it skriuwen fan de teksten.

Dialogyske ynteraksje en kultureel learen 
By de Meartalige Taalrûnte is ynteraksje in wichtich ûnderdiel. De bern prate oer eigen ûnderfiningen by ferskate ûnderwerpen, wat dêrnei de ynspiraasje en oanlieding jout foar it skriuwen fan teksten. De ynteraksje kin sawol klassikaal as yn twa- of trijetallen. Troch te praten oer de sels skreaune teksten, kinne dizze noch moaier en riker makke wurde.

Undersykjend learen
By de Meartalige Taalrûnte wurdt de nijsgjirrigens nei elkoars teksten befoardere troch de twatalpetearen tusken bern. Sa ûndersykje bern mei help fan klassegenoaten harren eigen ferhaal, stelle se fragen om de ferhalen dúdliker te krijen en sykje se mienskiplik nei hoe’t teksten moaier en riker makke wurde kinne.

Training?

By de Meartalige Taalrûnte is in ferdjippingskursus opset besteande út trije gearkomsten. Belangstelling? Graach opjaan by ien fan de ûndersteande kontaktpersoanen.

Kontaktpersoanen

Profielfoto-IMO

Liesbeth de Boer

liesbeth.de.boer@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Klarinske de Roos

klarinske.de.roos@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Tjitske van Akker

t.vanakker@cedin.nl

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?