Skriftlike observaasje | GRIP
Yn GRIP binne ferskate observaasje en evaluaasje-ynstruminten ûntwikkele. De skriftlike observaasje ynstruminten binne makke om de skriftlike taalfeardigens fan bern yn it primêr ûnderwiis en ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis formatyf te evaluearjen en te folgjen.
We brûke skriftlike taal yn alderhande situaasjes, om dingen te ûnthâlden, dúdlik te meitsjen, wille. Foar de ferskate relevante genres dy’t yn it ûnderwiis foarkomme, binne observaasje ynstruminten ûntwikkele. Tink oan: brieven, nijsberjochten, ferslach lizzing. Der binne sawol ynstruminten foar de learaar as selsevaluaasje-ynstruminten foar de bern om ynsjoch te krijen yn harren eigen taalûntwikkeling.
Mei de observaasje-ynstruminten foar skriftlike taalfeardigens wurdt it foar leararen ienfâldiger om de fuortgong fan harren bern yn byld te bringen. De ynstruminten kinne ynset wurde yn it ramt fan meartalige ûntwikkeling, foar Frysk, Nederlânsk en eventueel foar oare talen. Bern kinne ek sels har skriftlike taalfeardigens yn kaart bringe.
Hjirûnder stiet in hantlieding foar de learaar mei ynformaasje hoe’t der mei de ynstruminten wurke wurde kin. Fierder binne de ynstruminten foar de ferskate genres del te heljen. In oantal ynstruminten is bedoeld foar de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis, de oare ynstruminten kinne sawol ynset wurde yn de midden- as yn de boppebou fan it primêr ûnderwiis en yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Foar de midden- en boppebou fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis binne ek observaasje ynstruminten foar de bern beskikber. Hjirfoar is ek in hânrikking foar de learaar beskikber.
Foar de learaar
Foar de learling (selsevaluaasje)
Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
Meartalich perspektyf as kontekst
By GRIP – Skriftlike observaasje
Dialogysk perspektyf op learen en taalûntwikkeling
By GRIP – Skriftlike observaasje
Kultureel perspektyf op taalûntwikkeling
GRIP – Skriftlike observaasje
Training?
De hantlieding jout foldwaande ynformaasje om mei de observaasje-ynstruminten oan ‘e slach te gean. Mochten der al fragen wêze, nim dan kontakt op mei ûndersteande kontaktpersoan of folje it kontaktformulier yn, dan nimme wy kontakt op.
Kontaktpersoan
Maaike Pulles
maaike.pulles@nhlstenden.com
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam