
Skriuwe yn Styl
Skriuwe yn Styl is in projekt dat yn set op de ferbettering fan skriuwfeardigens, bedoeld foar de midden- en boppebou fan it primêr ûnderwiis.
Skriuwe yn Styl set yn op de ferbettering fan skriuwfeardigens. It bestiet út in set fan seis tematyske lessesearjes mei byhearrende Taalrûntes. Skriuwe yn Styl behannelet in folslein oanbod oan stylgrepen en techniken dy’t relevant binne om skriuwprestaasjes op alle tekstnivo’s te ferbetterjen.
Hjirûnder kinst de lesplannen, antwurden en evaluaasje downloade. Ek kinst de lessensearje fan de joernalist en de dichter downloade.
Lesplannen, antwurden en evaluaasje
Lessensearje
De dichter
Lessensearje
De sjoernalist
Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
Skriuwe yn Styl hâldt rekken mei de trije perspektiven:
Meartaligens:
Alle yn de klasse oanwêzige talen foarmje in boarne fan learen en jouwe rjochting oan de wize hoe’t it taalûnderwiis ynrjochte is. Dat betsjut dat, hoewol’t de ynstruksjetaal Frysk is, learlingen sels kieze yn hokker taal oft se oan de taak wurkje.
Dialooch:
By alle lessen bestiet in diel fan de opdracht út groepswurk dat learlingen sûnder direkte ynstruksje fan de learaar oppakke. Sa komt eksplorative ynteraksje tusken learlingen ta stân. De taak fan de learaar is dan om troch middel fan dialooch learlingen dy’t fêstrinne wer fierder te helpen.
Kultureel:
De faak komplekse skiuwfeardigenspraktiken yn de moderne mienskip wurde stap foar stap yn konkrete oefeningen behannele sadat alle learlingen meikomme kinne. De lessen liede ta bliuwende feroaring yn de klasse troch it fysyk ophingjen fan in poster mei de skriuwtechniken, dy’t hâldfêst jout by al it fierdere skriuwe
Training?
Trening foarôf is net nedich. Yn de hantlieding stiet in folsleine útlis oer fasen fan de les en in stap foar stap útlis fan de ynfolling en weromkeppeling. Ferdjipping en begelieding foar fierdere yntegraasje by skriuwopdrachten is tige oan te rieden. Mear ynformaasje en stipe kin oanfrege wurde.
Kontaktpersoanen

Sigrid Kingma
sigrid.kingma1@nhlstenden.com

Klarinske de Roos
klarinske.de.roos@nhlstenden.com
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam