
Skriuwfeardigens
It skriuwen fan teksten is ien fan de meast komplekse feardichheden: alle taaldomeinen komme hjiryn byinoar en learlingen hawwe meta-kognitive feardichheden nedich om dit proses goed troch te rinnen.
Om mei te dwaan oan ús geletterde maatskippij is it goed skriuwe kinnen fan grut belang. Dochs sjogge wy op in soad skoallen dat hjir in foarm fan ‘teaching to the test’ plak fynt: skriuwûnderwiis wurdt troch in soad leararen as ‘lêstich’ ûnderfûn en stiet op in leech pitsje mei om’t it ‘dochs net hifke wurdt’. Hoe sit dat by dy op skoalle? Hawwe jimme ôfspraken makke oer skriuwûnderwiis? Kenne dyn kollega’s de skriuwstrategyen en kinne se dy ek tapasse? Hjir kinst der mear oer lêze.
Lêze dêrfoaroer krijt in hiel soad oandacht. Mar… wolst it lêsûnderwiis ferbetterje? Lit learlingen dan twa kear safolle skriuwe! De útspraak fan Steve Graham (2018): ‘If you teach writing, you get better readers‘ jout al oan dat der in sterke ferbining leit tusken lêzen en skriuwen. Lit ús mei inoar dizze konneksje benutte, sadat wy learlingen yn de meast brede sin fan it wurd, tarisse foar de moderne maatskippij.
Dêrneist kin skriuwen ek gewoan hiel leuk wêze, dat hawwe guon fan jimme al ûntdutsen doe’t jim oan it wurk giene mei de (meartalige) taalrûnte! De meartalige taalrûnte jout ek legio kânsen om omtinken te jaan oan de eigen thústaal fan de learling én oan it Frysk. Lês der hjir mear oer. Wurkest in soad mei learlingen mei in oare thústaal, dan is de taalrûnte lykas LOWAN dy ûntwikkele hat in moaie opstap om it Nederlânsk fan dy learlingen te fersterkjen. Sjoch foar mear ynformaasje hjir.
Ta beslút: ek skriuwe kin konseptualisearjend wurkje: skriuwe hat in posityf effekt op it learen, stof wurdt better ferwurke wannear’t learlingen leare om ynhâlden yn eigen wurden wer te jaan troch bygelyks oantekeningen te meitsjen of in gearfetting fan in ynformative tekst. Learlingen dy’t de Nederlânske taal noch net hielendal machtich binne, kinne in soad baat hawwe by it earst ûnder wurden bringe en skriuwen yn har eigen taal. Hoe geane jimme om mei learlingen mei in oare thústaal? Binne jimme op ‘e hichte fan it belang fan dy oandacht foar de eigen thústaal?
Literatuer
Understeand fynst in list dokuminten dy’t dy helpe kinne om it skriuwûnderwiis mear op ‘e kaart te setten binnen dyn eigen skoalle. Troch op de titels te klikken komst by in webside of pdf-ferzje fan it artikel.
Graham, S., et al. (2018/2021). Van lezen ga je beter schrijven. In A. van Gelderen, K. de Glopper, R. van Steensel & M. Marreveld (red.). Leer ze lezen, praktische tips uit onderzoek voor leraren basisonderwijs (pp. 127-130). Meppel: Ten Brink Uitgevers.
Herder, A. (2021). Schrijfonderwijs op peil: Handreiking voor leerkrachten in de midden- en bovenbouw van het (speciaal) basisonderwijs. Enschede: SLO.
Herder, A. (2022). Schrijfonderwijs op peil. Tijdschrift Taal voor Opleiders en Onderwijsadviseurs, 12(20), 26-29. Enschede: SLO.
Hoogeveen, M. & Van Gelderen, A. (2014). Effecten van leren schrijven met peer response en instructie in genrekennis. Levende Talen Tijdschrift, 15(2), 15-26.
Janssen, T. & Van Weijen, D. (2019). Effectief schrijfonderwijs op de basisschool; een literatuurstudie. Levende Talen Tijdschrift, 20(2), 3-15.
Koster, M. (2022). Strategie-instructie bij schrijfvaardigheidsonderwijs. In WODN Werkgroep Onderzoek Didactiek Nederlands (Ed.), Handboek Didactiek Nederlands. Levende Talen.
Linthorst, R., Pulles, M. & Faasse, S. (2013). Observeren en volgen van mondelinge en schriftelijke taalvaardigheden. Tijdschrift Taal voor Opleiders en Onderwijsadviseurs, 4(7), 31-37. Enschede: SLO.
Team Taalvorming (2022). Taalrondes met nieuwkomers. Handleiding voor leerkrachten.
Van Norden, S. (2013). Iedereen kan leren schrijven. Mijn zoektocht naar effectief schrijfonderwijs op de basisschool. Tijdschrift Taal voor Opleiders en Onderwijsadviseurs, 4(7), 31-37. Enschede: SLO.
Ek nijsgjirrich:
Mear witte oer Mûnlinge taalfeardigens? Sjoch hjir:
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam