Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Taal yn Byld

“Weten jullie wel dat in onze klas, in onze wijk een heleboel taalschatten verborgen liggen?” De learlingen fan groep 7 sjogge de juf ferwûndere oan. “Jazeker,” ferfolget sy, “wie praat er in onze klas een andere taal dan de taal, die we op school praten?”

Dit is it begjin fan it projekt Taal yn Byld, in boeiende ûntdekkingstocht foar sawol learkrêften, learlingen as âlden. In projekt dêr’t de opbringsten altyd ferrassender en grutter fan wêze sille as ferwachte…

Besjoch ús filmke

WURDEARRING FOAR DE MEMMETAAL SINTRAAL

Hoe fijn is it om dyn memmetaal hearre en sjen te litten yn de klasse. It kin Frysk, Hollânsk, Arabysk, Hebriuwsk of in oare taal wêze. Mei Taal yn Byld ûntdekke learlingen dat guon talen hiel oare tekens hawwe as it ABC. Of se sjogge dat in klassegenoatsje mei Marokkaanske âlden, fan rjochts nei links lêze kin.

Troch oandacht te jaan oan al dy talen, troch deroer te praten groeit de wurdearring foar oare talen en it begryp foar inoar.

TAAL YN BYLD YN IT KOART

Yn dit projekt wurde de ferskate memmetalen fan learlingen letterlik yn byld brocht. It doel fan it projekt is om de ferbining tusken skoalle, bern en âlden te fersterkjen troch learlingen âlden befreegje te litten oer moaie sinnen, spreuken, fersrigels yn de memmetaal. It petear hjiroer yn de klasse en it yn byld bringen fan dizze moaie sinnen (tegearre mei âlden) soarget foar wurdearring foar oare memmetalen en eftergrûnen.

kleine-kippie

WAT LEARKREFTEN SIZZE OER TAAL YN BYLD

“Op onze school klinkt er amper Fries, maar wat kwamen er veel Friese taalschatten binnen. Veel kinderen hebben een pake en beppe, die Fries spreken.”

“De ouderbetrokkenheid was erg groot. Ouders kwamen spontaan op school om de zin goed op te schrijven, omdat ze wisten dat wij dit schrift niet konden schrijven.”

“Er was een kind dat ontdekt dat opa Portugees was. Dat wist hij helemaal niet…”

“Ik begrijp nu hoe belangrijk het is om aandacht te besteden aan de moedertaal. Mijn inzicht in de taalachtergronden is trouwens ook veel groter geworden.”

“De verhalen achter de zinnen zijn ook zo mooi.”

“Er waren twee kinderen, die ontdekten dat hun ouders uit hetzelfde gebied in Marokko kwamen. Dat wisten ze niet van elkaar.”

BEGELIEDING

Wolsto oan de slach mei Taal yn Byld? Dat kin. We komme graach del om mei dy te bepraten op hokker wize asto Taal yn Byld op dyn skoalle ynsette kinst.

Ek it Frysk kin in bysûnder plak krije yn dit projekt.

UT DE PRAKTYK: TAAL YN BYLD OP DE DR. ALGRASKOALLE YN LJOUWERT

De dr. Algraskoalle is in aktive skoalle mei in moaie fyzje op it Frysk en meartaligens. It projekt Taal yn Byld is dêr skoallebreed útfierd yn de meartalige projektwiken.

Nei in presintaasje fan it projekt foar it hiele team barsten de ideeën los by de learkrêften en waard der in manier fûn om de hiele skoalle te belûken.

De learkrêften fernuveren har oer it tal prachtige spreuken en moaie sinnen. Folle mear as dat se ea tocht hiene.

Kontaktpersoanen foar dit projekt