Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Praat mar Toaniel

Dora: “Wa binne jim?”

Blikjeman: “Ik bin de Blikjeman en alles is by my fan blik.”

Leffe Liuw: “En ik bin in leffe liuw. Ik bin oeral bang foar.”

Dora: “Ek foar Toto? Dizze leave lytse skattige mûs?”

Leffe Liuw: “Hellup!!!! In mûs!!!”

De klasse skatteret it út en dat is krekt de bedoeling.

FRYSKTALICH TOANIEL

Dyn gefoelens en tinzen bringst it bêste ta útdrukking yn dyn eigen taal. By Praat mar Toaniel geane learlingen op in fleurige- en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk prikelet har om fertroud te reitsjen mei it Frysk en sels mear Frysk te lêzen en te praten. Yn de ûnderbou giet it benammen om belibbing. Aldere bern oriïntearje har ek op de taaltechnyske skaaimerken fan de teksten.

Praat mar Toaniel bestiet út in reeks Frysktalige tekstboekjes mei bekende titels, sa as Peter Pan, Junglebook en Oz. Dy stikken binne troch it Berne Iepenloftspul yn Easterwierrum opfierd. Se binne dêrnei bewurke en no hielendal klear om op skoalle te brûken.

PRAAT MAR TOANIEL YN IT KOART

Elts ferhaal begjint mei in ynlieding. Troch der mei-inoar oer te praten en filmkes sjen te litten oriïntearret de learkrêft de learlingen op de ynhâld. Dêrnei folgje de sênes, dy’t de learlingen yn groepkes trochlêze kinne. Nei elke sêne dogge se in ferwurkingsopdracht. Sa krije learlingen ferskate mooglikheden om mei-inoar oer de tekst nei te tinken, te praten of te skriuwen. Op dy wize wurdt wurke oan ferskate taaldomeinen.

kleine-kippie

WAT LEARKREFTEN SIZZE OER PRAAT MAR TOANIEL

“De leerlingen zijn zo in de ban van het toneelspel, dat ze vergeten dat het een Friese les is.”

“Prachtig om te zien dat leerlingen steeds meer durven. In het begin lazen ze zittend bij de tafel, maar nu lezen ze met het boekje in de hand en bewegen erbij.”

“Je merkt dat kinderen het leuk vinden om aan elkaar te presenteren. Ze zijn gewoon trots dat ze een rol mooi kunnen lezen.”

“De ene keer werken we in groepjes, de andere keer gaan we met hele klas aan een scène werken. We hebben dan zo’n plezier!”

“Ik heb deze jongen nooit Fries horen spreken. Door het lezen van een Friese rol krijgt hij het vertrouwen dat hij het wel kan!”

“We hebben OZ gepresenteerd op een feestelijke avond op school. De kinderen hebben de teksten geleerd en er een echt toneelstuk van gemaakt.”

BEGELIEDING

‘Praat mar toaniel’ is in prachtige manier om foar it Frysk oan de ferskate domeinen te wurkjen. Tink oan lêzen, harkje, prate, in petear en it skriuwen. Ek meartaligens kin hjiryn in prima plakje krije.

Wy komme graach del om mei dy te bepraten op hokker wize do ‘Praat mar toaniel’ op dyn skoalle ynsette kinst.

UT DE PRAKTYK: PRAAT MAR TOANIEL OP IBS DE OPSLACH YN WOMMELS

“Wa wol syn sêne hjoed foar de groep presintearje?” Der giene hiel wat fingers de loft yn doe’t de learkrêft fan groep 7 en 8 fan IBS De Opslach yn Wommels dat frege. De learlingen hiene krekt yn groepkes de earste sêne fan “Oz” lêzen en der mei-inoar oer praat hoe’t se dy rollen it bêste lêze koene.

Neat moaier om de groep even hearre te litten hoe bang oftsto “Leffe Liuw” hearre litte kinst en hoe grappich it is, ast “Blikjeman” wer hiel oars lêst. “Hellup!!!! In mûs!!!” raasde Jos, doe’t hy mei syn groepke de sêne hearre liet. De klasse lake him slop en dat wie krekt de bedoeling. En it bysûndere wie dat ek de net-Frysktalige bern ûngemurken mei nocht oan it Frysk lêzen wiene.

Kontaktpersoanen foar dit projekt

gerrit-hoekstra

Gerrit Hoekstra

Foto: Tresoar Haye Bijlstra