Ynspirearjend Meartalich Underwiis

CLIL: Talen en de fakken

‘Everybody jump through the hoop!’ In gymles yn it Ingelsk. ‘Wa kin my útlizze wat in terp is?’ In skiednisles oer terpen yn it Frysk. By CLIL-ûnderwiis (Content and Language Integrated Learning) fergrutsje bern harren fakkennis, mar ek har taalfeardigens. Faak sûnder dat se har dêr bewust fan binne. De suksesfaktor? In protte ynteraksje en stipe op it mêd fan taal troch in rikere learomjouwing en oantreklik (audio)fisueel materiaal.

Little knights playing on the castle walls.
Nikon D810

KENNIS FERGRUTSJE EN WURKJE OAN TAAL

Bern binne fan harsels nijsgjirrich. It entûsjasme fan bern om nije dingen te witten te kommen (Content) en de wille yn taal (Language) meitsje CLIL-lessen ta in sukses. Learlingen fergrutsje har kennis oer in bepaald ûnderwerp en op itselde stuit wurkje se oan har taalfeardigens yn in oare taal as it Hollânsk (bygelyks Frysk, Ingelsk, de eigen streektaal ensfh.). Spultsjes, teksten mei romte dertusken, praatkaartsjes, foto’s, filmkes en riedsels soargje foar ôfwikseling en nocht yn de lessen. By CLIL nimst learlingen op in positive- en leechdrompelige wize mei yn it praten, skriuwen, lêzen en harkjen nei in oare taal. Sa leare se de ynhâld fan in fakgebiet, bygelyks wrâldoriïntaasje. De output kin talich wêze, mar mei (as ôfwikseling) ek net-talich wêze. It is wichtich datst as learkrêft sjen kinst oft in learling de ynhâld fan de les(sensearje) yn in oare taal, dóchs begrepen hat.

CLIL YN IT KOART

  • Wurkje bern oan taaldoel- en ynhâldsdoelen, yn de kontekst fan saakfakûnderwiis;
  • Slacht it taaldoel op it brûken fan it Frysk, Ingelsk of eigen streektaal;
  • Soargje in rike learomjouwing, in protte ynteraksje, fisueel (multymediaal) materiaal, prikeljende taaltaken en taalhelp foar ynspiraasje en learsume lessen.
mindmap
kleine-kippie

WAT LEARKREFTEN SIZZE OER CLIL

“We verkennen de woorden van het thema in het Fries, het Nederlands en het Engels. Ik schrijf de woorden op het bord, elke taal in zijn eigen kleur”.

“Bij het thema planeten heb ik een prentenboek voorgelezen in het Fries. Een Somalisch meisje ging later spontaan het boek zelf lezen”.

“Door Fries en andere talen te verbinden aan wereldoriëntatie, krijgen de talen een natuurlijke plek in ons onderwijs”.

“Door deelname aan dit project krijgt Fries weer meer aandacht, een Friestalige leerling vroeg of hij zijn presentatie dan ook in het Fries mocht doen”.

“We zijn bezig geweest met weidevogels. Welke we hebben gezien en wat zijn de Nederlandse en Friese namen. De leerlingen moeten de Engelse namen nog ontdekken”.

BEGELIEDING

Us begelieding bestiet út it organisearjen fan gearkomsten op de eigen skoalle. Nei in koarte yntroduksje op wat CLIL is, geane we mei-inoar op syk nei hokker aktiviteiten en projekten gaadlik binne om yn in CLIL-foarm oan te bieden. Utgongspunt is dat it aktiviteiten binne dy’tst no ék al dochst. Wy sykje sadwaande nei kânsen dy’t foar it gripen lizze! By dy gearkomsten wurdt reflektearre op de projekten/aktiviteiten fan de ôfrûne perioade en foarút sjoen nei de kommende perioade. Wêr lizze dêr wer kânsen? Hokker ynhâld stiet sintraal, watfoar taal is gaadlik?

It tal gearkomsten is ôfhinklik fan de fraach fan de skoalle.

UT DE PRAKTYK: CLIL OP KBS DE FRISSEL YN FEANWÂLDEN

By it projekt “Kijkje in de toekomst” waard op KBS De Frissel yn Feanwâlden yn alle groepen it learen fan fakynhâld en taalfeardigensûntjouwing yntegrearre. De learkrêft fan groep 1 en 2 prikele de bern yn in petear mei de sin “Als ik later groot ben, dan…”. De oare deis gong de aktiviteit fierder yn it Frysk. Letter waarden der ek Ingelsktalige wurden oan de wurdspin tafoege. Yn groep 5 o/m 8 wurken bern yn groepkes selsstannich oan tema’s oer de takomst. De metoade foar wrâldoriïntaasje (Blink) bea ynformaasje en ferdjipping. De bern leine yn it Frysk op de Fryske dei en by ien deidiel oer yn it Ingelsk. Groep 8 brûkte Ingelsk ferplichte yn ien fan de ferwurkingsopdrachten.

Kontaktpersoanen foar dit projekt